Willem Winters

De jongerein

logo.ensafh

Wy moasten hinne en werom nei De Haach. Om de lange rit te ferbrekken sochten wy in kemperplak om te oernachtsjen. Bij Gorkum wie ien, in parkearplak oan it wetter. En wrachtich it wie in skoander plakje. Alle romte, útsjoch op ’e Merwede en de skipfeart, in strân en in terras. It koe net better.
Doe kamen der keboeng-keboeng auto’s, earst in pear, doe mear en mear. It moatte der wol hûndert west hawwe. It gie troch oant djip yn ’e nacht. De iene wie spesjalisearre yn hurd achterútride, in oar yn mei rikjende bannen fuortstowe en in tredde yn bochtewurk.… Lês fierder

Skermer

Tsjêbbe en Cornelis

logo.ensafh

Op it weblog fan Cornelis van der Wal lies ik dit: ‘Ja, ik wie tige kritysk foar de Literatuerbefoarderer oer, om’t it tsjintwurdich allinnich mar de Bard T.H. is dy’t alle moaie opdrachten en optredens taskikt kriget. Der binne mear dichters yn Fryslân, menear T.O. En ik haw it net iens yn it foarste plak oer mysels, al spilet dat fansels ek in rol.’ Dit is in hieltyd weromkommend tema by Cornelis. Ik wit net oft Teake Oppewal fan Tresoar ferantwurdlik steld wurde moat foar it feit dat Cornelis en oaren nea oan bar komme. It is no ien kear net oars, Tsjêbbe is kolossaal, de wrâld sjocht allinne him, wol him ha.… Lês fierder

Bert Bakker

Come-back op de Mont Ventoux

logo.ensafh

Bedoin, Súd-Frankryk, 24 july1990 – Ast no by de iene lâns of by de oare lâns de Mont Ventoux beklimst, dat makket net safolle út. De tocht is swier en fol lijen. Do klimst yn ûngefear 20 kilometer fan 300 nei 2000 meter. It is ek foar in betûfte hurdfytser ûnmooglik om in tempo te bepalen. As ik in berch beklim, dan bepaal ik hoe lang ik der oer dwaan wol. Ik wit wêr’t ik oan begjin en ik hâld net fan tafallichheden. In beklimming beskôgje ik – yn neifolging fan Jan Kal – net as in ynspanning, mar as de eksakte útwurking fan in idee.… Lês fierder

Willem Winters

Famkesboeken

logo.ensafh

J.H. Brinkgreve wie in suksesfol skriuwster fan in sechtich famkes- en jongesboeken. Fanwege de moaie omkaften en de prachtige fantasybelettering keapje ik in pear; ik begjin te lêzen mei Met Jet en Ine in een woonwagen [1934 ill. Miep de Feuter]. In braaf ferhaal oer twa suskes en twa freonen dy’t op fakânsje geane yn in wenwein, dy’t by in boer op it hiem stiet.

meisjesboek1

Op in stuit wie it my oft ik in skok krij. Doelt de skiuwster op wat oars as dat der stiet? Erotyk? De famkes freegje sa faak wannear’t beide jonges wer ris lâns komme sille en sjogge hja se oankommen dan fleane se harren om ’e hals.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Noaswiis

logo.ensafh

De twa manlju hongen wat sjofel ûnderút, oars as it fleurige frommeske dat op it puntsje fan ’e stoel siet. Miskyn fielde se har oanlutsen ta myn wite sportsokken, de swartlearen broek, en benammen de strakke sulverkleurige body dy’t ik oer it optoaide krús lutsen hie. Se naam my mei grutte eagen op. Ik rûsde har op in jier as fyftich, ek al besocht se der noch wakker tweintich jier jonger út te sjen mei in laach maskara dêr’t je samar in muorke mei foegje koenen. Hawar, it frommeske naam it wurd mei in hege, suver sangerige stim dy’t yndied mear by in famke fan tweintich paste.… Lês fierder

Skermer

Fier fuort

logo.ensafh

Wûnderlik, ik fiel my hiel fier fuort. Ik sit wol yn myn keamer, achter myn kompjûter, mar ik bin der net.
De wierheid is neffens my, dat ik fierder fan ’e ierde ôf bin as Neptunus.
Dêr ha ik dan mear as tolve jier oer dien.
It is fassinearjend wat him yn jins holle foardocht.
Ik ha fansels ferlet fan stilte en leechte.
Dat wat bin ik bliid dat ik dy ôfgryslik grutte Neptunus mei al syn moannen en ringen foarby bin.
Myn grimelgrammelpineholle ebbet no wei.

Om’t ik dit opskreaun ha.
Om’t ik it sinnestelsel ferlitten ha, al is it ek mei pine yn it hert.… Lês fierder

Ensafh

logo.ensafh

Fandaach lach nummer 4 fan ut Frysk literêr tydskrift Ensafh op de mat. Na ut skriëven fan dit weblogje sal ik der in leze. Ut omslach siet der in elkgefal prachtech út. De opmaak fan ut blad wurdt deen deur Jelle F. Post. Opmakers en ontwerpers fan boeken en tydskriften krije wel us un bitsje te min andacht, seker in resênsy’s. Dêrom hier mar eksplisyt myn waardearing foar Jelle F. Post. De papieren útgave fan dit fierde nummer siet der simpelwech fraai út!
En kom mij nou nyt anskieten met de opmerking dat ut om de inhoud gaat. Ut ooch wil ok wat!… Lês fierder