Willem Winters

Oer eunuchen en hûndert syktes

logo.ensafh

Wy wiene fan ’e jûn by freonen te iten. Sy kin omraak itensiede. Healwei liet ik my ûntfalle dat ik middeis in prachtich boek kocht hie. Sa’n moai boek en ik doarde it hast net iepen te dwaan. Dan kloppet it hert my yn ’e kiel en fiel ik dat myn mage opstannich wurdt. Dat komt troch The sick rose or disease and the art of medical illustration fan Richard Barnet.

Hy wit myn gefoelige snaar te reitsjen. De holle fan in frou op it omslach is dramatysk, mar wol te fernearen. Dan slachst it iepen en dêr krijst fuort al in psychologyske oplazerus fan jewelste.… Lês fierder

Daam de Vries

.kul

logo.ensafh

It wie juster in heuglike dei, Fryslân hat him sûnder oarlogjen ôfskaat fan de rest fan de wrâld. Wêr fine jo soks hjoeddedei noch?

Wy binne in eigensinnich folk sa liet de deputearre witte dat wy dogge hjir gjin punt-frl mar pompeblêd-frl. Dat is alderprachtichst want de winst sit him net allinnich yn de ôfskieding mar ek yn it feit dat de eigen taal yn de URL’s brûkt wurde kin. No noch in fatsoenlik toetseboerd sadat jo dat pompeblêd oanklikke kinne krekt lykas de Æ of æ.

Ik ha ek al berjocht fan myn provider hân en in domein reservearre. Gjin respons.… Lês fierder

Jelma Knol

Pompom pompompom pompompòòmpom.

logo.ensafh

It bleau mar troch myn kop sangerjen. In grouwélich moai stikje sellomuzyk, in fragmint út in bloedmoaie dokumintêre oer Vienna 1908, dat ik mar net thúsbringe koe. Wa wie de komponist? In hiele gruttenien, dat koe net misse. Mar de ôftiteling joech allinne de namme fan de BBC-komponist fan tsjinst.
Dus skilje ik Jan, in grut kenner fan 19e en 20e ieuske muzyk. ‘Jan, moatst even harkje. It is in solo foar sello en it giet fan: poppom pompompom pompompòòmpom.’
Jan sit freeslik te laitsjen om myn silige lûd.
‘Oh, ja, it is sa‘n bekende triennelûker. Sa’n krematoariumhit. No, sa’tsto it sjongst is it seker gjin barok, mar earder eat út de romantyk.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 21 en 22

logo.ensafh

Feuilleton

21

No’t Paul der ek wie, bestelden se nochris in Pisco Sour, de ynlânske cocktail.
As foargerjocht keazen se sileenske sop mei kabeljau en kokkels, moksels, krab, garnalen en coquilles en as haadgerjocht tonyn, de eksoatyske kana kana en in skaaltsje mei seefruchten. Se namen der de wite wyn by dy’t Paul dêr al earder dronken hie.
‘Dat wy no fisk ite sille op Peaske-eilân, dat harmoniearret, dat is moai,’ sei Paul Mols, ‘mar oars, ik swar by heterogeen en by dissonant. De Midden-Europeeske Mahler spylje op Peaske-eilân en it ûnder it iten fan fisk hawwe oer Mahler neam ik heterogeen.… Lês fierder

Willem Winters

USA

logo.ensafh

Wy soene no mar ris trochsette en regelje in reis troch de USA. Dat wie noch gâns in wurk. Mar dêr woe ik it net oer hawwe.

Minsken dy’t ik no – no’t wy nei twa moanne en 9000 km en 3000 liter benzine werom binne – tsjinkom freegje: ‘Wat foel dy it measte op yn de USA?’ Dêr hoech ik net oer nei te tinken. It earste wat my opfoel doe’t wy bûten it fleanfjild Newark stapten wiene de ûnbidige trucks (mei oplizzers). Type Mack, mei fan dy enoarme snuten, mar inkeld in frachtwein sa’t wy dy kenne.
In soad lju ride privee yn in pick-up.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Hitens

logo.ensafh

Myn buorman seach my oer de râne fan syn balkon fronseljend oan: “Wa lêst no in boek mei dit waar? Is de krante net genôch?” Doe’t yn 1988 it Amerikaanske oarlochsskip USS Vincennes in Iraanske boargerfleanmasine út de loft skeat wenne ik yn Itaalje en oer it hite julywaar hong de politike hitens en ik lies my troch Iris Murdoch har broeiïge The black prince hinne. Oan ’e ein fan dat boek wist ik alles fan de spjalt tusken de keunst en de wrâld, fan de yllúzje fan realisme en fan taal dy’t makke is om ûnechtens oer te dragen en dat dat neat útmakket: “Dy ûnwierheid droech teminsten belangrike ynformaasje oer.”… Lês fierder

André Looijenga

de gleone woastynwyn

logo.ensafh

“Fersteane jo ek Nederlânsk?”, beäntwurde de man myn groet. Hy wie myn eachhoeke ynrûn, oer de blikke foar it arkje. Stadich nijsgjirrich seach er om him hinne. Fan efter de wenkeamerstafel wie ik opstien, de fêstewâl en it gers opstapt.

Hy hie hjir earder ek wol west. Wie nei jierren benijd hoe’t it derút seach. Eartiids hie er ferkearing hân mei de dochter fan Rink van der Velde: Wytske. Dat sadwaande hie er doe wol op de pôle by it arkje west, mei jierdeis en sa. Hy hie heard dat de wenboat der noch wie, dat der no skriuwers yn sieten, dat hy wie mar ris delfytst út Ljouwert wei.… Lês fierder