Friduwih Riemersma

Loftich simmerboek

logo.ensafh

De nonfiksje simmerferhalen binne der wer! Glenn Greenwalds boek oer Snowden en de NSA, Monica Lewinsky har Vanity Fair-ferhaal oer har relaasje mei de machtichste man fan de wrâld en it manuskript fan Martin Bosma oer Mandela dat oeral sirkulearret diele it tema fan de underdog dy’t it – al as net by ûngelok – opnimt tsjin de macht, it rjocht en it gelyk. De wrâld fan de machteleaze inkeling is ien fan ûnkomplisearre sosjaal ûnrjocht en dêryn hawwe syn eigen hannelings nea ferkearde konsekwinsjes. Mar, hoe wiis at ik ek bin mei myn steapeltsje simmerlektuer, it makket myn âlde fraach aktueel: wêr bliuwt it boek fan presidint Pûtin?… Lês fierder

Yolande de Kok

De widdo Joustra

logo.ensafh

Der binne dagen dan drink ik net. Mar yn novimber yn de dunen is de widdo Joustra gewoan medisinaal. Sels as it sa hurd reinde dat ik dweiltrochwiet waard en jûns in droege ûnderbroek oandwaan moast, bin ik noait ferkâlden wurden. Myn jas is wol in waxcoat mar yn ’e dunen is der altyd wyn, en dy jas waait omheech. Hjerstmis hat eltse dúnman ferlet fan in goede slok.

As de widdo der ek yn fan dy lytse fleskjes west hie, sa as oare drank, wie it faaks oars gien. Mar de widdo is tradisjoneel en der hâld ik fan. Sy is der allinne yn literflessen.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Ien? Twa?

logo.ensafh

1.
Wylst hjir yn Fryslân it keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen al wer los binne, krige ik fia Twitter in foto fan in lyts laachje snie op in auto ûnder eagen. De persoan dy’t de foto makke, die har beklach oer dy snie. Se ha yn Winnipeg, want dêr is de plaat sketten, no al in healjier te krijen mei tige kâld winterwaar, dat mar net wike wol foar de maitiid.

En ik sil jim sizze dat ik wol sa stjonkend jaloersk wie doe’t ik dat lies en dat laachje snie lizze seach. De lêste wike fan febrewaris (!) ha ik de meanmasine al út it fet helle en sûnt dy tiid hat er net in wike mear stilstien.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (19)

logo.ensafh

Feuilleton

19

Se fytsten oer in paad midden oer it eilân nei de Rano Raraku ta. It gong op en del, mar op ’e mountainbikes wie it prima te dwaan. Yn it begjin kamen se se noch greide en boulân tsjin, mar dêrnei wie it meast wyldlân. Benammen op legerlizzende plakken groeiden espeltsjes palmbeammen en wie der lege begroeiïng, mar fierders rieden se troch in alfolle keal gebiet mei grien gers en rûchte, dêr’t de rotsgrûn rûnom yn gruttere en lytsere meast ôfflakke bulten en bultsjes trochhinne stuts. It waaide flink. Doe’t se by de fulkaan wiene hâlden se it paad nei rjochts oan dat nei it fynplak fan withoefolle mo-ai’s rûn.… Lês fierder

Willem Winters

Tassen

logo.ensafh

No’t wy dochs yn ’e buert wiene woe ik lâns Hoogeveen, dêr soene se it langste byld fan Europa hawwe. Dat herinnere oan de feart út de tiid fan de ferfeaning. Letter fanwege it groeiende tal auto’s dimpt.

Nei in setsje kriget men yn ’e gaten dat de ferhâldingen fersteurd binne: te breed, te heech, te leech, neat kloppet mear. Dan probearret men faaks troch werynrjochting, oanlis fytspaden en it plantsjen fan beammen de saak te rêden. Dat binne meastentiids lapmiddels dy’t de fisuele gaos allinne mar grutter meitsje.

DSC_0579

Yn Hoogeveen hat in keunstner in wetterfal fan 200 meter al bochtsjend troch de Haadstrjitte oanlein.… Lês fierder

Imke Müller-Hellmann, Jantsje Post

Rients Westra

logo.ensafh

Rients Westra waard op 1 desimber 1895 berne yn Seisbierrum yn de provinsje Fryslân yn Nederlân. Hy hie sân broers en susters en it wie in deeglike grifformearde húshâlding. Rients syn heit wie ierappelkeapman. Hy woe graach dat syn soannen maatskiplik slagje soene, mar yn Rients seach er gjin keapman, dat hy trune him der op oan om in deeglik berop te kiezen en boer te wurden. Dat die Rients, hy troude mei Aukje en waard boer op in pleats by Surch. Rients hie in freonlik aard, it wie in iepene, hertlike man en hy hie nocht oan minsken. Hy lei maklik kontakt en al rillegau begong er as tuskenhanneler foar in grutte siedfirma kontrakten ôf te sluten mei oare boeren en geandewei ek hieltyd mear sels te hanneljen.… Lês fierder

Daam de Vries

Sa’n reservaat hoecht om my no ek wer net

logo.ensafh

Wy ha rommelmerk hân. Dat is in soartemint fan kultureel heechstantsje dat al in fjirtich jier giet en dêr’t gjin bidboek fan is. En ek gjin draaiboek. Fan de opbringst kin de dirigint fan de brassband al rejaal in jier lang betelle wurde. Myn beskieden rol is û.o. te soargjen foar wat papiereboel mei prizen en oare nuttige ynformaasje. Moast doe’t de saak hong in lytse korreksje op oanbrocht wurde. Dat diene se yn it Frysk.

Us pleatslike gruthannel yn fleisguod hat in nije kuolauto. Dy brûke wy altyd fergees. Dy nije auto stiet alles yn it Frysk op oanjûn.

In Yndonesysk type hat in lokaal figuer hjir útsegene om’t dy har yn it Hollânsk oanspriek.… Lês fierder