Nanne Hoekstra

Feodaal management

logo.ensafh

By ús op it wurk doarmje aparte lju om.

Lju dy’t allegeduerigen myn dwaan en litten kontrolearje miene te moatten, al ha hja noch net heal foar it ferstân wat ik winliken doch.

Lju dy’t ornaris mei sinleaze briefkehinenwerstjoerderij my fan en harrensels oan it wurk hâlde.

Lju dy’t om it hoartsje wichtige emails fan klanten bedobje ûnder harren eigen berjochten — sûnder útsûndering mei in read útropteken as yndikaasje dat de oanbelangjende kwestje ôfgryslik driuwt — dy’t fol stean mei yrrelevante fragen en healwize oarders.

Lju dy’t jimmeroan ûnmooglike prosedueres betinke en útwrydske automatisearringsprogramma’s ‘útrôlje’ dy’t folle mear tiid kostje as opsmite.… Lês fierder

Koosje Melis

Freon

logo.ensafh

De stêd gûnze sa’t allinne grutte stêden dat dogge, in mûnster dat ek yn ’e sliep noch grommeljend sykhellet. Yn sa’n stêd jouwe minsken neat om it miljeu. Sterker noch, se laitsje derom. Bûsdoekjes, tissues, plestik: jo goaie it op strjitte, ek al stiet der trije meter fierderop in jiske-amer. Dêr rêdt in oar him mar mei, ik ha it drok drok, sizze de gesichten fan de minsken dy’t hastich har paad sykje troch it labyrint fan strjitten en auto’s en metrostatjons. Yn sokke stêden wenje minsken yn har auto’s. Ek al is it trije oere nachts, as in grutte trein ride se, dan wer traach, dan wer it gas djip yntraapjend, grutte gaswolken útblazend.… Lês fierder