Flak om de hoeke fan de dekadinte Brouwersgrêft lei in meterslange rige boeken klear om mei te nimmen. It soene wol krimi’s wêze tocht ik, dêr kinne de paupers út de efterstrjitsjes noch wat fan leare, noblesse oblige – en ik fytste troch. Op de weromreis in oere letter blykte der tusken de grutte gatten yn de rige yndie noch in Martin Koomen te lizzen. At it ek misdieden telde wit ik net want ik seach it net yn, mar de titel wie De literaten fan de linkerkant: Ingelsktalige skriuwers yn Parys – mei trije literêre ferkenningstochten. Letter soene de titels fan krimiskriuwer Koomen folle koarter wurde, lykas Moard yn de Walboarch en Haachske blabber, mar doe wie it noch 1983.… Lês fierder