Wa kin der no net type? Yn hokker húshâlden stiet no gjin kompjûter!
Dat wie eartiids oars. Ik wit gjin famylje út myn jeugd dêr’t in typmasine stie. Myn earste typmasine kocht ik op in feiling fan de Domeinen yn 1972. Ik hie net op de sichtdagen west, ik rûsde mar wat. Foar 75 gûne, krige ik trije masines, by de ien sieten de letterstangen alhiel yn ’e knoop, de oare wie yn in minne algemiene kondysje, de tredde wie goed. In bakbeest fan in ding, in Remington út de jierren ’50. Bytsje oalje deryn en ik koe type. Dat wie needsakelik wurden troch in dosint Sosjology, dy’t it wegere om hânskreaune stikken te akseptearen.… Lês fierder