Willem Winters

Dûnsje

logo.ensafh

Ik seach werris dy prachtfoto fan dûnseres Gret Palucci dy’t yn de sammelbondel i 10 stiet. In spektakulêre sprong. Mar in hiele foarstelling fan har soe oan my net bestege wêze.

2010-05-17-09-42-09

Ut: i 10 de internationale avant-garde tussen de wereldoorlogen, een keuze uit de internationale revue i 10 [1963]

Ik ha nea in [betûft] dûnser west. By Frans Wuits – dy’t yn de jierren ’60 dûnsles joech, yn it sealtsje achter kafee L. Ekkers – kaam ik net fierder as fokstrot en wals, de tango is net foar my útfûn.
Ik wie yn Tsjechië ris tafallich by in live-optreden fan in groep dy’t moderne dûns brocht.… Lês fierder

Skermer

De dream fan Hofwijck

logo.ensafh

As jonge yn in bus nei Den Haag seach ik op in stuit in fjouwerkantich, rank, heechoppich gebou, ik seach better en waard gewaar dat it opriisde út ’e grêft der omhinne.
Ik ha dat byld noait fergetten en letter kaam ik der op skoalle achter dat dat kastiel it troch de dichter Constantijn Huygens yn Voorburg boude Hofwijck wêze moast.
Letter ha ik it noch faak sjoen as ik wer ris ûnderweis wie nei Den Haag. Trochdat de diken hieltyd grutter waarden en fangrails krigen, rekke it út ’e auto wei hieltyd mear út it sicht. Ut de trein wei wie it noch altyd goed te sjen.… Lês fierder

Skermer

De hannen (en earms) fan Kokoschka

logo.ensafh

Ynienen tink ik der oan. Jierren lyn seach ik op in útstalling fan wurk fan Oskar Kokoschka yn de Kunsthalle yn Emden ek in tal fan syn portretten en selsportretten. It foel my doe op hoe prominint it plak wie dat de hannen en earms ynnamen, krúslings en grut foar it boarst lâns of op in oare wize.

Ik besef wer dat hannen – myn eigen net iens – net myn spesjale belangstelling ha. Ik brûk myn hannen en sjoch der fierders net nei om, no ja ik waskje se en knip de neilen. Ik soe myn hân net beskriuwe kinne, ek net dy fan myn frou, wol dat se faak as se praat de hannen derby brûkt.… Lês fierder

Willem Winters

Sebrafinken

logo.ensafh

Wat in grouwélige idioaten om yn in drok kafee in kouwe mei 50 sebrafinken iepen te setten. Mei de dronken kop!
Sebrafinken noch wol. Sebrafinken binne de leafste fûgeltsjes dy’t ik ken.
Froeger al, doe’t ik noch op skoalle gong, hie ik in pearke yn in foliêre makke fan in âld dressoir. Dy bistkes wiene altyd sa tierich, it wiene ek hiel goeie brieders. Yn in omsjoch hiene se in nust mei aaien, gongen der om bar op sitten en dêr kamen de jonkjes al.
Prachtich fûn ik dat hiele proses.

Neffens de krante, it wie febrewaris, hie de kafeebaas de finkjes loslitten.… Lês fierder

Willem Winters

Peallen

logo.ensafh

Der wurdt in soad praat oer minsken dy’t te min nei keunst sjogge, mar kin it ek te folle wêze?

Yn de barm fan ’e Noardersingel, hoeke Spanjertsleane leine op in moarntiid de ûnderdielen fan in nij keunstwurk.
It is troch de gemeente Ljouwert oan de buert skonken en makke troch Ivo Nijering út Beetstersweach.
Hy betocht in konstruksje dy’t mei losse ûnderdielen – lykas Lego – nei alle kanten út te wreidzjen is. In soarte fan prefab-keunst fan fersinke izer, mei in pear flappen en in skeane kant mei in bytsje ovale plaat.
Mei bouten kinne de peallen ferbûn wurde.… Lês fierder

Skermer

Ynienen tocht ik it

logo.ensafh

Ynienen tocht ik it.
Ik wie de jûns nei iten mei de auto nei de krite riden dêr’t ik om ’e twa moanne wol in kear kom.
Feangrûn, wetter, reid.
Ik wit net oft myn gedachten doe bewust op syk wiene nei wat.
Wol is it sa, dat as ik dêr bin alles yn my wagewiid iepen stiet. Ik fiel my dêr net gewoan.
Mar ynienen tocht ik it.
Ien fan ’e dingen dy’t ik altyd doch is op ’e polderdyk fan ’e brede Langesleat stean, dêroer en oer de djippe polder oan ’e oare kant hinne nei de dizige wylge- en elzeboskjes fan ’e wetterwrâld fan ’e Alde Feanen dêrachter sjen.… Lês fierder

Willem Winters

Vitus en Ned

logo.ensafh

De sosjalist Vitus Bruinsma [1850-1916] wie gjin gefaarlike anargist. Tocht ik.
Dat feroare doe’t ik syn namme seach op it omslach fan de brosjuere De kunst om een machine te bederven.
Dy brosjuere is ien fan de earste publikaasjes dy’t Tresoar yn syn gehiel op ynternet set hat.
Dat wie in moaie fynst, want al in hiel skoft sammelje ik titels fan it slach De kunst van het oud worden, De kunst van het denken en De kunst van het schrijven, it leafst noch mei Zen en de kunst van… Ik tocht dat de oarsprong fan sokke titels socht wurde moast yn it boek Zen en de kunst van het motoronderhoud [Robert M.… Lês fierder