Skermer

Avercamp

logo.ensafh

It frear al in pear dagen, mar noch net fûl.
Wy soene te kuierjen by de mar.
Ik sei: ‘Faaks wurdt der op it bûtlân al riden.’
En dat wie sa. Ut ’e fierte wei seagen wei de auto’s al stean. It wie der drok.
Wy ha in skoftke op it iis stien. Wat in riders fuortdaliks. Jong en âld. Alderwetske iiswille, samar ynienen!
Wy kuieren de hege mardyk del. Earst de iene en doe de oare kant út en hieltyd stiene wy stil om nei de riders op ’e flakte te sjen.
It waaide net, de sinne skynde. It wie ideaal waar.… Lês fierder

Willem Winters

J.W. Waterhouse: huverje fan froulju

logo.ensafh

Yn Britse musea hie ik wol inkele skilderijen fan Waterhouse (1847-1917) sjoen. Ek út plaatwurken oer de pré-rafaëlieten koe ik syn wurk. Sljocht op sokke skilders dy’t balanseare op it rântsje fan ’e kitsch moast ik fansels gau nei Grins, dêr’t in grutte tentoanstelling is fan syn wurken. (Noch oant 3 maaie 2009] Al gau huvere ik. Wat in kjeld, wat in ôfstân. Op de measte skilderijen binne froulju ôfbylde, mar watfoar froulju! Wat binne hja rûpsk! Hieltyd dy rjochte noas, dy lange, hast rjochte kaak. Se hingje, lizze of sitte, sjogge mismoedich, treurich, letargysk, leafst by de sjogger lâns of dwers troch him hinne.… Lês fierder

Skermer

Alfabet

logo.ensafh

De A is de rotsoai – …
Aanst altyd mar aanst
De ellinde is de B – De boat yn ’e fierte
Barst dan ek mar
De C is de stank – …
C kear mar it jout neat
De aaklikheid is de D – In dûk yn see
Drek op it hiem
De E is it fergif – ….
Eigenaardich as alles watst tinkst
De pine is de F – De slingerjende feart
Fuort hjirwei – …
De G is de de eangst – ….
Grûntoan dy’t oanhâldt
De wanhope is de H – De hichte yn it lân
……
De I is de leechte – …
…..… Lês fierder

Skermer

Pastinaak

logo.ensafh

Pastinaak, wat in wurd.
Wy ha it hjoed as foargesetsje hân. Wy ite it gauris. Wy ite pastinaak sûnder wat der by en sa tamakke: yn skyfkes snijd, even sean yn sâlt wetter, ôfkuolle, mei wat sâlt troch blom helle, hiel lichtsjes brún bakt yn bûter.
Pastinaak ite, dat wurd priuwe! It is in lekkernij!
Wat is pastinaak? In op syn minst tweintich sintimeter lange grouwe krêmwite woartel, dy’tst rau, stoofd of bakt ite kinst en yn stampot, potiten en sop.
De plant komt fan oarsprong út it Midellânske See-gebiet. De âlde Griken en Romeinen ieten him al. Romeinske soldaten namen namen him mei nei it noarden.… Lês fierder

Skermer

De tiid fan it jier

logo.ensafh

It sil him oan ’e tiid fan it jier lizze. Ik sjoch nei in beam dy’t de kleuren griis, brún, grien en read te sjen jout. It is in wûnder.
It gers is noch moai grien, mar groei amper noch, ik hoech net mear te meanen. Dat sinniget my tige.
Yn alle rêst ha ik de bûtendoarstuollen en -taffeltsjes skjinmakke en op ’e hokssolder set
Ik sjoch nei de brúngrize stâlen fan ’e stokroazen.
De loft is griis, it waait út it easten, mar net al te hurd en it is in sachte lucht.
Ik ha gjin oanstriid om achter in idee oan te rinnen.… Lês fierder

Skermer

Is der in wei werom?

logo.ensafh

‘It kin noch oars,’ sei er.
Ik skodholle.
‘Nee?!’ skeat syn stim út.
‘Yn dit gefal net. En moatst it net iens wolle.’
‘Yn dit gefal dus net, seist, en moatst it net wolle.’
‘Wy litte ús meinimme troch in stim, in rop.’
‘Kinst altyd nee sizze.’
‘Ast dat dochst stietst oan ’e kant.’
‘Soe ’t? Is dat net fatalistysk?’
‘It is de wierheid.’
‘Hast it rjocht om te wegerjen!’
‘Wat seit dyn liif?’
‘Myn liif wol net.’
‘It is allinne mar ferset.’
‘Soe ’t?’
‘Fielst datst mei moatst. It is dy oansein en hast der neat tsjinyn te bringen.’
‘Soe ’t?’… Lês fierder

Koosje Melis

Snowdon

logo.ensafh

Mei in snelheid fan 5 mile it oere klimt it treintsje de berch op. Links en rjochts hobbelje skiep hastich foar ús oan ’e kant. Mei de knibbels ynklemd tusken de bankjes (berekkene op minsken fan fjouwer generaasjes lyn) sjoch ik nei bûten. Ik fernuverje my oer skiep dy’t sa’t it liket op it rântsje fan de ôfgrûn steane. Ik bin op wei nei it heechste puntsje fan de heechste berch fan North Wales. De trein stoppet op in pear kilometer fan de top, de lêste trije kertier sille we rinnend ôflizze moatte om foar in pear sekonden de heechste minsken yn Wales te wêzen.… Lês fierder