Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Earder dit jier hat Ruurdtsje de Haan alris inkelde gedichten bydroegen dy’t se skreaun hat nei oanlieding fan keunstwurken fan M.C. Escher. Op dizze ôflevering in folgjend gedicht yn dy rige.

Skermer syn kollum giet oer ‘opite’. De oanlieding leit yn de tiid fan it jier: de ierdbeien binne ryp.

Jouke Hylkema syn ferhaal giet frjemdgenôch net oer ‘fytse ‘op pinkstermoandei:  ‘Wy fiele ús as keningen yn ’e loft op dizze peaskemoandei fan 2009, de earste Alvestêdetocht foar  oldtimer-sweeffleantugen.

Op dizze ensafh ek de tredde ôflevering fan Willem Winters syn ‘Swarte Waaksens’: ‘Mar ûnbekend as er hjir wie, hie er gjin idee hokker rjochting him de bêste kâns joech.… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (11)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9) en (10).… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Hein ús yn de hân

logo.ensafh

Dizze ierdbal is fan hout, útsnien 

binne de seeën fol fisken, de finnen
it lân. Harren bolle koppen stekke
ta it wetter út, it duorret net lang
of de iepen mûltsjes snippe
buollen út de loft. De tiid woe
poatsjes bernje. Safier kaam it net

– ingels hawwe wjukken en
dogge de hannen gear, duvels
drage flearmûsflerken en
slaan de kloeren út –

want wa boartet der mei?
De hoallefoaljende fisken
ferslite it waarme hout
fan de lytse sinne. Finnen wine
har yninoar, reitsje fertyske en
de bedragen wrâld ferdjert.
Immen ferbruts it heinen en fangen.

 

Skreaun by ‘Bol met vissen’ fan M.C.Lês fierder

Sterke nominaties bij schrijfwedstrijd JM Fonds

logo.ensafh

De genomineerden voor de prijsvraag over de ‘Regionale Identiteit’ van Noord-Nederland zijn bekend. Uit de 109 inzendingen voor 3 verschillende categorieën zijn 27 nominaties gekomen: 10 essays, 10 verhalen (proza) en 7 gedichten (poëzie). In de lijst staan bekende en minder bekende namen. Om dit niet van invloed te laten zijn op de deskundige beoordeling van de jury, zijn alle inzendingen geheel anoniem aan de juryleden voorgelegd. Tijdens de prijsuitreiking op 23 juni worden de winnaars bekend gemaakt. In elke categorie wordt een geldbedrag van € 5000,- uitgereikt. Alle 27 genomineerde inzendingen zijn gebundeld in het boek ‘Mijn land is groen, mijn land is mooi.… Lês fierder

Trije Rely Jorritsma-prizen

logo.ensafh

Twa ferhalen en in gedicht winne dit jier de Rely Jorritsmapriis. It fers komt fan Elske Kampen, dy’t al trije kear earder in Rely wûn hat. De ferhalen binne skreaun troch Lida Dykstra en Simen de Jong. Dy lêste wûn net earder in Rely Jorritsmapriis, Lida Dykstra krige de priis al ris yn 1999.

Der waarden dit jier 25 gedichten ynstjoerd en fyftjin ferhalen. De winnende ferhaleskriuwers krije 800 euro, de dichters 200 euro. De prizen wurde begjin oktober útrikt.… Lês fierder

Rely

logo.ensafh

And the winner is: Elske Kampen. Ja, ja wêr in Rely foar dizze fantastyske dichteresse. Ferline jier al en no wer en ik wol Elske lokwinskje. It sil grif wer in geniaal gedicht wêze, want ik haw op de dichterskursus net in swak fers fan har heard.

Myn ynstjoering wie fansels ek geniaal, mar it giet my al krekt sa as by it basketbal; jou ik in geniale pass, snapt gjinien yn itselde shirt der in drol fan, Schon wieder Balverlust!

Mear op it blog fan Edwin de Groot
Lês fierder

Knilles nei Snits

logo.ensafh

Yep, it stiet no fêst: ik ferhúzje, ein dizze moanne tink al, nei Snits. Ik kom yn it skaad fan de Waterpoort te wenjen. In wier skitterjend appartemint.

Dat it is hiel goed mooglik dat ik in skoftke dit webloch net byhâlde kin fw de drokte en technyske kwestjes. Mar ik kom werom: as Sneeker dichter. Nee, wês mar net benaud Henk: net as Sneeker stadsdichter!

Mear op it blog fan Cornelis van der WalLês fierder