28-03-14 premiêre Sykje om Suske

logo.ensafh

Toanielferiening De Takomst Húns/Leons pakt út mei Sykje om Suske
Sykje om Suske is in blijspul en famyljefoarstelling fan Hans Brans (oersetting Lolkje Hoekstra) mei in protte humor, fantasy en muzyk. It giet oer in aparte húshâlding dêr’t elk syn eigen dreamen hat. Rozemarijn Strubbe docht dit jier de rezjy. Sy folget de rezjy oplieding by FRATS en studearret mei dit stik yn Húns ôf.

Suske dreamt fan in suske en giet der op út om har te finen. Underweis komt se ferskate nuveraardige personaazjes tsjin. Dat se net ferdwaalt, tanket se oan de sjaal dy’t beppe oan it breidzjen is.… Lês fierder

Fryske Akademy siket oannimmer foar ferbou

logo.ensafh

De Fryske Akademy set dizze wike út ein mei de oanbestegingsproseduere foar har bouplannen, dy’t nijbou, renovaasje en restauraasje omfiemje. Oannimmers kinne harren de kommende wiken oanmelde as gadingmakker. Nei in foarseleksje sille de oanbestegingstikken healwei maaie oan ‘e selektearre oannimmers foar ynskriuwing tastjoerd wurde. Tagelyk wurdt yn maaie begûn mei de sloop fan de pannen oan ‘e Grienewei 8-10. De sloop wurdt yn eigen behear dien.

Lês fierder by Liwwadders
Lês fierder