Meindert Bylsma is berne yn 1941 yn Wergea. Troch it wurk fan syn heit (masinist op in molkfabryk) ferhuze er ferskate kearen, omdat de iene nei de oare festiging fan it fabryk opdoekt waard. Nei de middelbere skoalle folge er de oplieding ta ûnderwizer yn Ljouwert. Hy hat tsien jier skoalmaster west op in legere skoalle yn Drachten. Underwilens helle er syn akte nifeljen. Hy krige doe in baan yn Enschede, mar dreaun troch ûnwennigens kaam er nei trije jier werom nei Fryslân. Bylsma kaam mei syn frou en twa bern yn Kimswert te wenjen en hy waard learaar Nederlânsk en nifeljen oan in skoallemienskip foar leger beropsûnderwiis yn Harns.… Lês fierder