Ferdinand de Jong

Duvelsk sied

logo.ensafh

Om it jier 1200 hinne moat de earste bebouwing der al stien ha. De biskop fan Utert die it gea fan rûchwei 1300 oant 1500 yn de ban omdat it folk sa dwers wie, de minsken sochten oansluting mei Benediktynske muontsen yn Starum. It wurd desibel bestie noch net.

De hier oer de besittingen waard om 1500 hinne betelle yn de foarm fan ‘mudden rogge en tonne botters’. Sa libben dêr minsken lykas se dat no ek dogge. Mar yn 1629 kaam de duvel en besleat sied te siedzjen dat op de lange termyn kymje soe. De duvel is in geduldich persoan, net bûn oan tiid.… Lês fierder

Tresoar lânsearret nije webside en ferhalewedstriid

logo.ensafh

Tresoar lânsearret nije webside en ferhalewedstriid

Tresoar lânsearret hjoed op Wrâld Ferteldei in nije webside én in ferhalewedstriid. It Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum beheart in skat oan Fryske skiedkundige ynformaasje. Fia de nije webside www.tresoar.nl is it mooglik om allinne of mei syn beiden in ferhaal te meitsjen en te presintearjen. De bêste tsien ferhalen dy’t de kommende tsien wike op de webside ferskine, wurde bondele yn in unyk boekje.
Besikers fan de webside krije tagong ta de brede kolleksje fan Tresoar. De webside helpt minsken om ferhalen te ûntdekken, te ûndersykjen én sels te fertellen. Bygelyks oer in bysûndere famyljeskiednis, in bysûnder plak of in opmerklik foarfal.… Lês fierder

04-04-14 Presintaasje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

logo.ensafh

Oan it begjin fan de tweintichste ieu wie it idee om Frysk te brûken yn it godstsjinstich en ek it tsjerklik libben sokssawat as flokke yn ’e tsjerke. Ds. Sipke Huismans fan Eanjum hat mei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 de stjit jûn ta feroaring: prinsipieel wie der neffens him gjin beswier om yn it Frysk te bidden en te preekjen. Krekt oarsom: de eigen taal rekket it hert folle mear as de Hollânske ‘tale Kanaäns’. Dochs hat der yn ’e tsjerken in soad wjerstân west, beanammen by grifformearden. Earst nei de Twadde Wrâldoarloch krige it Frysk in erkend plak(je) yn ‘e tsjerke.… Lês fierder