Wyn en fearren – Fryske wynenerzjylobby op paad mei spegel en kraaltsjes

logo.ensafh

It grutste fergriem oan mienskipsjild yn de skiednis fan dit lân. Dat skriuwt Pieter Lukkes, âld-heechlearaar ekonomyske geografy oan de RUG yn Grins oer it nut en de needsaak fan wynenerzjy. Den Haach is dwaande mei in 60 miljard kostjend wynenerzjybelied, de folsleine útfiering derfan smyt lykwols net mear op as 1,9 persint fan it totale enerzjyferbrûk. Wilens rint in grut en machtich leger oan lobbyïsten foar wynernerzjy de mûle oer fan ‘duurzaamheid’ en ‘duurzame energie’, sûnder dat fan it belied sels in deeglike en goed ûnderboude analyze bestiet. Lukkes oer de gefolgen fan de praktiken fan de wynmolemaffia: ‘Horizonvervuiling, dode vogels en vleermuizen, verrommelde landschappen, geluidshinder en door windenergie en ontwrichte samenlevingen zijn géén bouwstenen van de duurzame samenleving.’… Lês fierder

Willem Winters

Tassen

logo.ensafh

No’t wy dochs yn ’e buert wiene woe ik lâns Hoogeveen, dêr soene se it langste byld fan Europa hawwe. Dat herinnere oan de feart út de tiid fan de ferfeaning. Letter fanwege it groeiende tal auto’s dimpt.

Nei in setsje kriget men yn ’e gaten dat de ferhâldingen fersteurd binne: te breed, te heech, te leech, neat kloppet mear. Dan probearret men faaks troch werynrjochting, oanlis fytspaden en it plantsjen fan beammen de saak te rêden. Dat binne meastentiids lapmiddels dy’t de fisuele gaos allinne mar grutter meitsje.

DSC_0579

Yn Hoogeveen hat in keunstner in wetterfal fan 200 meter al bochtsjend troch de Haadstrjitte oanlein.… Lês fierder

25-5-14 Utrikking D.A. Tamminga Priis

logo.ensafh

Foar Fryslân en de Fryske taal is in libbene literatuer fan grut belang. In debutantepriis, dy’t publisiteit generearret en minsken stimulearret dy’t skriuwe en skriuwe wolle, kin net mist wurde. Stifting FLMD fynt dat it lykwols net sûnder sa ‘n priis kin, en hat dêrom it inisjatyf naam foar in nije debutantepriis, de D.A. Tamminga Priis. Dy priis sil jierlikse útrikt wurde, om bar foar proaza en poëzij.
De earste útrikking, dy’t op 25 maaie plakfine sil, krijt in feestlik en bysûnder karakter. It barren fynt plak yn en by boekhannel Van der Velde op’e Nijstêd yn Ljouwert, tusken likernôch 13.45 en 15.45 oere.… Lês fierder

Hans Pleschinski lies foar út Königsallee

logo.ensafh

Niis wie ik hjir yn Grins by in lêzing fan Hans Pleschinski, in ferneamde Dútske Schriftsteller. Moarn 13 maaie sil er, nei it skynt, noch in lêzing hâlde yn Ljouwert. By de NHL sil dat wêze — it krekte tiid & plak wit ik net krekt (nuverdernôch fûn ik sa gau op ynternet net in oankundiging). Pleschinski lêst foar en praat oer syn nijste roman: Königsallee. It boek is tige de muoite wurdich, giet oer Thomas Mann, oer de weropbou fan Dútslân nei de oarloch, oer kultuer, humaniteit, Bildung, fersoening en de leafde, en oer de grutte (manlike) leafde yn Thomas Mann syn libben.… Lês fierder

Der Tod der Literatur in der Literaturwissenschaft

logo.ensafh

Der Journalist Thomas Steinfeld (Süddeutsche Zeitung) schreibt im neuen Merkurheft sehr lesbar und provokant über die Rolle von Theorie und Methoden in der westdeutschen Literaturwissenschaft seit den siebziger Jahren. Ich erinnere mich gut an diese Phase und habe die späteren Entwicklungen mit einem gewissen Grausen aus dem Ausland mitverfolgt. Hier ist eine kleine Kostprobe:

Lês fierder by Café DeutschlandLês fierder