Yn 2011 kaam syn oersetting út fan it earste diel fan Tolkien’s Lord of the Rings, Fellowship of the Ring: Master fan alle ringen, Selskip fan de ring. Liuwe Westra (Tsjom, 1966) is no dwaande mei de oersetting fan it twadde diel fan it omfangrike epos: De twa tuorren en is dêr al in moai ein mei op streek. Hy hat nei it gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert twa stúdzjes dien yn Grins: klassike talen en teology. Westra is dûmny yn de protestantske gemeenten Lollum en Burchwert en preket út en troch ek yn de tsjerken fan Hichtum en Waaksens.… Lês fierder