Opnames Gysbert Japicxfilm los

logo.ensafh

Yn in moeras by Westhim binne filmploegen freed drok dwaande mei de opnames fan in spesjale Gysbert Japicx film. De film oer de Fryske skriuwer is bedoeld om op basisskoallen sjen te litten yn groep 7/8. De opnames wiene yn in sompe, omdat yn de tiid fan Japicx in grut part fan it Fryske plattelân der sa útseach.
De film wurdt sa autentyk mooglik makke, yn tradisjonele klaaiinge.

De filmmakkers wolle Gysbert Japicx mei help fan de film ‘libbensecht’ meitsje. It giet om in koarte film fan 20 minuten.

 

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Striptekener Skelte Braaksma

logo.ensafh

“Ik bin der fan oertsjûge dat ik hjir myn wurk fan meitsje kin”
Op de earste stripbeurs fan it noarden presintearre striptekener Skelte Siweris Braaksma (18) út Marrum sneon 17 maaie diel twa fan it stripboek FKP. De striid tusken de Fryske Kommunistische Partij ûnder lieding fan Oane Sytsma en de Grinslanners giet fierder. Mar dit kear bemuoie ek de Dútsers en Noard-Hollanners har dermei. Alde lânkaarten, histoaryske details en folop aksje. FKP2 is presys wat de ûndertitel al seit: ‘In patriottysk Frysk stripavontoer’. Mar wol in aventoer om troch in rinkje te heljen.

Lês fierder by de MoanneLês fierder