It lânskip by Penjum en Wytmarsum is in yndustrylânskip.
It is dien mei de stilte by Roptasyl.
De leechte boppe Kûbaard sil opfolle
mei stielen tuorren. Tusken Ried en Tsjummearum
geane de ljippen net mear oer, mar tsjin de wjok.
Fan Bitgummole oant Froubuorren
slacht it nije fertsjinjen ta.
Net ien hoecht mear grutsk te wêzen
op ’e romte tusken Alde Leie en Hallum.
Lês fierder by Abe de Vries… Lês fierder



