Sing to them, Daddy

logo.ensafh

In het televisieprogramma ‘Slaapkamers’ praten koppels van verschillende geaardheid en achtergrond in bed over hun relatie. Vorige week stond het krijgen van kinderen centraal. Bij het ene stel was de man teleurgesteld omdat het meteen raak was geweest; een ander stel begon aangeslagen over verklevingen. Ze hadden honden genomen. Die kunnen ook gezellig op bed.

Lês fierder by Tsead BruinjaLês fierder

Sa mar in útslach fan Europeeske ferkiezings

logo.ensafh

Juster wie ik it grutste part fan de dei yn tou foar de Europeeske ferkiezings. Ik wie wer lid fan it stimburo, hjir yn Grins. No sille guon fan jim tinke: saai en dreech, mar eink fyn ik it machtichmoai. De hiele dei de demokrasy tsjinje, in hantsjefol regeltsjes neilibje, oarder beweitsje, neutraliteit bewarje, freonlike petearkes mei stimmers en passanten. En dan de jûns de stimmen telle… dat dan alle ferskillende foarkarren fan de minsken dy’t delkamen, fan in bak fol blêden sortearde steapeltsjes wurde, en siferkes, en útslaggen. Yn in protokol wurde de siferkes dan fêstlein (en jitris fêstlein), en de papieren en sifers geane yn sluven en pûden.… Lês fierder

Ut it bestjoer fan It Skriuwersboun

logo.ensafh

Op 14 maaie 2014 hat it bestjoer fan it Skriuwerboun yn nije gearstalling by inoar wêst. De funksjes binne yn goed oerlis ferdield en de rinnende saken binne besprutsen. Ynkoarten krije de leden ynformaasje oer de Skriuwerskalinder 2015. Ek sille wy neier oerlis ha oer KH2018 en dêroer berjochtsje. As It Boun meidwaan wol, sil dat yn ’e mande wêze mei Tresoar en dan moat der foar 1 augustus in plan lizze.

Us nije bestjoerslid Tryntsje van der Steege krige in algemiene funksje en sil de kommende tiid it aksint op de kommunikaasje lizze. Anne Tjerk Popkema hâldt syn algemiene funksje.… Lês fierder

In kop as in almenak

logo.ensafh

As minsken in Fryske skriuwer tsjinkomme, miene in soad dat se tagelyk mei in Fryske lêzer fan komsa prate. Of better sein: in fertsjintwurdiger fan it seldsume ras dat álle Fryske boeken oereidet en om de wike nei winkel of biblioteek draaft om it nijste fan it nijste op te heljen. Doe’t ik okkerdeis mei ien stie te praten oer in bekend Frysk boek út de kategory ‘âlde meuk’ en ik frijwat behâldend besocht mei te eameljen, foel ik nei de fraach ‘Of Hawwe Jo Dat Net Lêzen?’ definityf troch de koer.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder