Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – Septimber 2014 + oanfolling

logo.ensafh

Septimber is ien fan de moaiste moannen foar in boekegek lykas mysels (neist de moanne dêr’t jo jierdei yn falt, en de desimbermoanne mei Sinteklaas en Kryst). As skoalfamke wie it al sa moai om oan it begjin fan it nije skoaljier nije learboeken te krijen – op ’e basisskoalle likegoed as op ’e middelbere skoalle, dêr’t de boeken ek noch soarchsum en kreas kafte wurde moasten. Sa’n boek foar it earst iepenslaan en trochblêdzje en sneupe yn alles dat we dat jier wer leare soene wie hieltyd wer in spannend aventoer.
Op de universiteit gong it krekt sa, al koene we doe elts semester nije boeken krije, en faak genôch wiene dat ek hearlike lêsboeken en mânske klassikers dy’t yn de kolleezjes behannele waarden.… Lês fierder

Teleks: Gysbert Japicx-stifting yn swier waar

logo.ensafh

De Gysbert Japicx-stifting sit yn grutte finansjele problemen. Dit jier wurdt mei in ferlies draait fan goed 11.000 euro. De stifting hâldt him benammen dwaande mei it behâld fan it Gysbert Japicxhûs en literêre aktiviteiten.

Troch besunigings fan de gemeente Súdwest-Fryslân driget it ferlies op te rinnen ta 17.000 euro. Dat jild moat de stifting út de reserve helje, mar it karbrief stiet dat net ta. Dit jier komt it noch wol goed, mar as der noch sa’n jier komt dan driget de stifting te ferdwinen.

De gemeente Súdwest-Fryslân seit yn in reaksje mei it bestjoer fan de Stifting Gysbert Japicx om tafel te gean om te sykjen nei in oplossing.… Lês fierder

Blog: Rely Junior nei Kûbaard

logo.ensafh

Sneon 20 septimber wurdt foar de 60ste kear de Rely Jorritsmapriis útrikt. In Fryske literatuerpriis dy’t elts jier takend wurdt om op dy wize de Fryske literatuer te stimulearjen. Opfallend dit jier; ferskate Rely Junior priiswinners komme fan ien skoalle, it Marne College. Roelof Kooistra fan Kûbaard nimt yn dizze kategory de haadpriis mei nei hûs.

Lês fierder by SokietsLês fierder

Aginda 25-09-14 Leeuwarder Poëzie Avond

logo.ensafh

Leeuwarder Poëzie Avond 25 september 2014. Aflevering 32 jaargang 8. Op donderdag 25 september wordt er weer een Leeuwarder Poëzie Avond gehouden in kunstcollectief ATTEL-J. met: MARLOES ROBIJN, HEIDI VAN DIJK, JAN KETELAAR, DIEN L. DE BOER, JAN KLEEFSTRA, BAS RIJKSEN, EDDIE MULDER, DJ FRISO. Marloes Robijn uit Utrecht, (oorspronkelijk Burgwerd) de winnaar van de Poetry Slam Leeuwarden 2014 schrijft verhalen en gedichten. Ze droeg haar poëzie voor op o.a. Onbederf’lijk Vers, Dichters in de Prinsentuin en bij de Literaire Nachtclub in Tivoli. Sinds kort betreedt ze ook af en toe een slampodium. (een slam is een strijd tussen dichters, die elkaar met woorden om de oren slaan, waarbij het gaat om de zelfgeschreven poëzie, maar ook om de voordracht).Lês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Ien dei net Facebook

logo.ensafh

Goed.
Ik woe hjoed efkes melde dat der hjir net ien syn of har jierdei hat.
Ek is it sa dat ik hjoed it hiem net meand ha.
Boppedat moat ik tajaan dat ik net foar in skilderij stien ha om der nei te sjen.
Ek is der hjoed gjin bernefoto yn in tobbe fan my online setten.
Ik hie hjoed ek neat te melden oer in te koarte dielnimmerslist.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder