Aginda 26-09-14: Boekpresintaasjes útjouwerij HotSum yn restaurant Stoof

logo.ensafh

Boekpresintaasjes útjouwerij HotSum yn restaurant Stoof

Op freed 26 septimber wurde twa boeken presintearre dy’t koartby publisearre binne troch de útjouwerijen HotSum en De Contrabas. Dat sil plakfine yn Restaurant Stoof, Franekereind 23, 8861 AA, Harns.

Yn de Fryske essaybondel Alde Meuk? ûndersykje trije Fryske wittenskippers it ferskynsel ‘klassike boeken yn it Frysk’. Dizze bondel is ûntstien troch gearwurking fan útjouwerijen HotSum, De Contrabas en it Sirkwy Sympoasium. Dêrnei sjocht de Frysk-Nederlânsktalige bondel Tei-iizje / Lok-azen fan Aggie van der Meer (1927) it ljocht. It is har sechsde dichtbondel.

Programma

16.30 oere Ynrin mei kofje en wat derby
17.00 oere Presintaasje
Sprekkers: Chrétien Breukers fan De Contrabas, Jetske Bilker fan útjouwerij HotSum en Teake Oppewal fan Sirkwy Sympoasium
18.00 oere Utrikking Tei-iizje / Lok-azen fan Aggie van der Meer
Aggie van der Meer lêst út eigen wurk

Nei ôfrin kinne jo yn klassike styl ite: der is in spesjaal menu ‘Alderwetsk lekker’ yn de foarm fan in stoofpriuwerij foar de priis fan € 15,-.… Lês fierder

Blog Huub Mous: Het verdriet van Friesland

logo.ensafh

Het valt mij bij Friezen op, dat de mate van hun Frieszinnigheid vaak gelijk opgaat met een zeker welbehagen in de achterstelling die men van niet-Friezen ondervindt. Friezen hebben ook de neiging om zich niet echt gelukkig te voelen met datgene wat hun het meest dierbaar is: hun eigen taal. Het valt mij op dat de liefde voor hun eigen taal tegenover buitenstaanders vaak gepaard gaat met een moeilijk te benoemen gevoel van schaamte gemengd met irritatie.

Lês fierder by Huub MousLês fierder

Teleks: Ferslach Obe Postma middei

logo.ensafh

Seis jonge(re) dichters sprutsen op in gearsit yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar oer de ynfloed fan Obe Postma op harren wurk. Goed fjirtich taharkers krigen meinimmende en ek geastige kauseryen opdist. Eltse sprekker sleat ôf mei in foardracht fan eigen, troch Postma oanrekke gedichten. De middei wie yn it ramt fan it literatuerfestival Swalk opset troch it Obe Postma Selskip yn ’e mande mei Tresoar.

Lês fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Teleks: Frysk orgaan hjit no Dingtiid

logo.ensafh

It Orgaan foar de Fryske taal giet fierder ûnder de namme ‘Dingtiid’. Dat is tongersdeitemiddei yn Earnewâld bekend makke. Dêr waarden de earste befinings fan it orgaan presintearre. It Orgaan is op 1 jannewaris 2014 ynsteld troch de Minister fan Ynlânske Saken yn it ramt fan de nije Fryske taalwet.

It Orgaan sil de kommende tiid saneamde ‘dingpetearen’ hâlde oer ûnderwerpen dy’t de ôfrûne moannen nei foarren komme binne, lykas meartaligens en taalimago. Dizze dingpetearen kinne dan wer liede ta advizen oan Ryk en provinsje.

Neffens foarsitter Klaas Sietse Spoelstra fan Dingtiid is de emansipaasje fan it Frysk ta ‘oan in nije fase’.… Lês fierder

Blog Kitty Madison: Parkearferbod

logo.ensafh

As elektrotechnicus kom ik op de meast bysûndere plakken telâne. Likernôch tsien jier lyn wie dat op de blommefeiling yn Aalsmear. Dêr waard in blommebeurs hôlden en foar ús klant – ien fan de grutste bromeliakwekers yn Europa – soenen wy harren stand fan in soad ljocht foarsjen. Us bedriuwsauto, in wite Renault Express, parkearden wy in grutte skiere romte dêr’t wol tûzenen auto’s stean koenen. Met de nei skatting 30 – 35 auto’s wie de romte suver leech, de echo fan ús foutstappen kaam ús nei in pear tellen wer yn ‘e mjitte.

Lês fierder by Kitty MadisonLês fierder

Blog Cornelis van der Wal: Warskôging foar de Contrabas

logo.ensafh

Meikoarten is der in boekpresintaasje yn it Heerenlogement te Harns. In essaybondel en in fersenbondel sjogge dêr it ljocht. Moai no, soene jo sizze, Fryske boeken!, wie it net sa dat de útjouwer yn kwestje de Contrabas is, yn gearwurking mei de Fryske útjouwerij HotSum. Chrétien Breukers, de man efter de Contrabas, hat okkerlêsten dien krigen as ‘Gildemeester’ (stedsdichter) fan Utert. De man gie wat kréatyf mei syn boekhâlding om.

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder