Blog Wobbe Atsma: reJoyce

logo.ensafh

Steatlik yn’ e stap berinst de stêd fan literêre monuminten en dat nimt mear tiid as ien inkele dei, dochs is it lang gjin boek fan tûzen siden wurdich. Yn in lytse wike is alle dagen rinnendewei in gongber stikje moai genôch. As it moat dan nimst de tram. Sa bart it datst op it itselde plak belâne bist, dêr’t James Joyce him yn in fier ferline ek ris deljûn hat.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Anna Marije Bloem oer Fryske boeken en ‘sjammeloek’

logo.ensafh

Fryske boeken lêze op dyn eigen nivo, leare om der mear fan te begripen en tips krije – it kin op it webstee fan www.lezenvoordelijst.nl. Dat fertelde dosinte Frysk Anna Marije Bloem fan ‘e wike yn it programma Bynt fan Omrop Fryslân. Hja giet ek yn op it moaie wurd ‘sjammeloek’, dêr’t in ôflevering fan ‘Praat mar Frysk’ okkerdeis om draaide en fertelt oer de ferfilming fan in bysûnder Frysk boek.

Klik hjir om it fraachpetear mei Anna Marije Bloem te sjen. It begjint op 18 minuten, 20 sekonden (18:20).

Boarne: It NijsLês fierder

Teleks: Startside.frl, de poarte nei Frysktalige websiden

logo.ensafh

http://startside.frl

Ut soarte binne minderheidstalen minder oanwêzich yn de maatskippij as grutte talen. Yn it thúsgebiet fan in streektaal kin dat fansels oars wêze. Sa binne der in protte doarpen yn Fryslân dêr’t it Frysk it foarnaamste kommunikaasjemiddel is. Mar op it wrâldwide web is it fakentiden in toer om in lytse taal werom te finen. Benammen ek om’t minsken op sykmasines gauris automatysk wurden yn de mearderheidstaal brûke.

Yn it gefal fan it Frysk is der oars in moai oanbod oan nijsgjirrige websiden, dêrûnder guon dy’t deistich aktualisearre wurde. De Ried fan de Fryske Beweging komt op foar de Fryske taal, rûnom yn de provinsje, mar likegoed op it ynternet.… Lês fierder