Aginda 05-11-15: Poetic Potatoes

logo.ensafh

Foar it literêre útwikselingsprojekt mei Valetta 2018, ‘Poetic Potatoes’, joech de Moanne de dichters Albertina Soepboer, Sannemaj Betten, Bartle Laverman, Arjan Hut en Wilco Berga de opdracht om in oade oan de jierpel en it Bildt te skriuwen.

Fiif filmmakkers, Heleen Haijtema, Elmar Kuiper, Piter Hettinga, Sytse Jansma en Richard van der Laan, lieten har ferfolgens ynspirearje troch de gedichten en makken fiif bysûndere films dy’t op it Media Art Festival op tongersdeitejûn 5 novimber om 20.30 oere yn de Westerkerk (âld teater Romein) yn Ljouwert yn premjêre gean.

‘Poetic Potatoes’ is in projekt fan de Stichting Bildtse Aardappelweken yn gearwurking mei de Moanne wêrby’t yn oanrin nei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 in poëtyske útwikseling mei Valetta 2018 sintraal stiet.… Lês fierder

Harmen Hospes

De man dy’t sjende blyn wie

logo.ensafh

Problemen mei famkes hie Lolke al op de basisskoalle. Doe koe er him net foarstelle dat se poepten. Wiene it ingeltsjes of duvels? By gebrek oan in frou hie er twa katten yn ’e hûs nommen. It binne leave bisten, dêr net fan, mar se meitsje it iten net foar him klear. De keamer himmelje se ek net en op syn bêd wol er se net ha. Der is mar ien frou dêr’t er mei omgiet en dat is syn mem.

Plakjeboartsje wie syn favorite spultsje doe’t er in skoaljonge wie. Net mei jonges fan syn jierren mar mei syn mem.Lês fierder