Dit is in boek dat jim lêze moatte, in boek fol prachtich moai Frysk, mei in grut en nijsgjirrich ferskaat oan sântjinde-iuwske gedichten, ferhalen, deiboekfragminten, twapetearen, sprekwurden en siswizen, yn teksten fan Gysbert Japix (waans 350ste jier fan ferstjerren wy yn 2016 bezinken), mar ek fan in tal oaren út syn tiid dy’t net minder fleurich skriuwe kinne, ûnder oaren Jacques Vredeman, Titia Brongersma, dûmny fan Hichtum, en de Boerealmanak fan 1676. Der is in soad te genietsjen yn dit boek. Dat, lês it at jim fan poëzy hâlde, of fan ryk en prachtich Frysk, at jim fan frije en wakker frijmoedige teksten hâlde, of niget hân oan lyryske en ûndogenske ferskes, eroatyske sankjes en dialogen.… Lês fierder