Mei dizze brief út de simmer fan 1915 begûn de korrespondinsje tusken Marten Baersma (1890-1918) en Douwe Kalma (1896-1953), dy’t oant de dea fan Baersma duorje soe. Mei dizze brief stjoerde Baersma it ferhaal ‘Soldaetemymeringen’ mei, dat troch Kalma ferbettere is en lykas de brief te finen is yn de kolleksje fan Tresoar. It ferhaal is nea publisearre, mei om’t Kalma dat sterk ôfrette. Marten Baersma is de skûlnamme fan Meint Hylkes Bottema, dy’t syn wiere namme yn in brief oan Kalma fan 2 septimber 1915 iepenbieret.
Lês fierder by it Y-Skrift fan Skanomodu… Lês fierder