Blog Ferdinand de Jong: Sutelaksje komt werom

logo.ensafh

En ik ha nijs. Jannewietske de Vries, dy’t doe deputearre wie en har opfolgster Sietske Poepjes, seagen it belang fan dy ferkeap. Yn tige goed oerlis mei de amtners fan de provinsje Fryslân is besletten dat dy sutelaksje der wer komme moat. Partijen dy’t der al binne wurkje dit jier gear en de earste doarpen ha al tasein dat se meidwaan wolle. 24 juny is de ôftraap yn Warten/Wergea.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder

Blog Martsje de Jong: Tongerfûst, wêr bist?

logo.ensafh

De ôfrûne tiid is de Fryske taal wakker yn it nijs. Alderhearlikst fergnjidde troch oerjierrige en oerhuorrige ynstituten wêrfan ’t ik lang noch it heil ferwachte. En ja, se ha my it ljocht sjen litten. Ik wol net langer lilk wêze op de FNP, dy ’t it Frysk gjin needsaak mear fynt, om ’t se benaud binne as taalpartij te boek te stean, ynstee fan as politike partij. Ek net op de LC, dy ’t mei Asing Walthaus in skriuwer yn hûs hat dy ’t wol aardich tûk is yn it ôfbrekken fan ús taal. Alhiel net op de Fryske Akademy, dy ’t mar al te graach út de mûlen fan net-Frysktalige ynklauwers optekenje lit dat it Frysk as skreaune taal sa goed as dea is en dat wy dat foaral ek net ûntstride en bestride moatte, it is ommers wrâlds berin.… Lês fierder

Teleks Fryske Akademy: Oprop oanmelding lêzing op de Dei fan de Fryske taalkunde

logo.ensafh

It Taalkundich Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy organisearret dit jier foar de achtste kear de Dei fan de Fryske taalkunde.

De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.

Datum: freed 21 oktober 2015
Tiid: folget
Plak: Ljouwert, krekte lokaasje folget

Lêzing oanmelde
Wy roppe elk hjirby op om him/har oan te melden foar in lêzing.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Djip yn it achterein

logo.ensafh

Earst wie it Skylge (Terschelling voor de FNP), en no binne it Skiermuontseach (Schiermonnikoog voor de FNP) en Ternaard. Plakken yn in gebiet dêr’t himel en ierde it toaniel diele, sa’t de UNESCO sei yn 2009, doe’t it Waad (de Waddenzee voor de FNP) op de Werelderfgoed list kaam. In unyk gebiet dat ekstra beskerming nedich hat. Dat fynt ek de provinsje. Dy sei yn it Streekplan dat opspoaren èn winnen fan djippe delfstoffen op en ûnder it Waad net winsklik is, ek net as dat fan it fêstelân ôf bart. Benammen de risiko’s op it sakjen fan de boaiem binne te grut.… Lês fierder