Teleks: Ook de Bruna is een boekhandel

logo.ensafh

Het college van burgemeester en wethouders maakte plannen voor een cultuurcentrum in de Voorstraat. Een belangrijke voorwaarde voor het welslagen was de aankoop van het pand waarin tot nu toe de fotografiezaak van Wim Smits is gevestigd. Deze voelt zich een speelbal en niet veel later hadden sympathisanten al anderhalf duizend handtekeningen opgehaald: ‘Wim Smits moet blijven!’ Ook Henk Beimers, eigenaar van de Brunawinkel in de Voorstraat, is niet blij met de plannen van B en W.

Lês fierder by de Harlinger CourantLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Kick out Kinderhandel

logo.ensafh

Soms komme dingen samar byinoar. Dat wie foarige wike woansdei ek sa, in dei dy’t troch guon minsken yn in oanfal fan akute hystery en mei it nedige gefoel foar patos en drama it ‘twadde 9/11’ neamd waard. In op syn minst ûnsmaaklike ferliking, wat my oangiet. De ferkiezing fan Donald Trump ta presidint fan Amearika siet in protte minsken goed heech.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: Skriuwers moatte net sa alderjezuste loai wêze!

logo.ensafh

Ja, de wierheid hat no ienkear in skel lûd, ik kin der ek neat oan dwaan. Nim in foarbyld oan Tresoar soe ik sizze: “We ha goed ús bêst dien.” lit projektliedster Wieke de Haan yn De Moanne optekenje.

En dit seit se dus ek yn dyselde De Moanne: “Skriuwers moatte net tinke: ‘ik ha it boek skreaun, no is it klear. No kin ik efteroer leune.’ Moatst dy sjen litte en nei eveneminten ta gean, soargje dat dyn boek bekindheid krijt.”

Lês fierder by DaamLês fierder

Teleks: Demonstraasje foar Frysk ûnderwiis

logo.ensafh

Demonstrearje mei op 22 desimber yn Ljouwert

Mear as tritich jier lyn, in heal minskelibben al, mochten alle Fryske bern foar it earst op de legere skoalle wat oer har eigen taal leare. En mear as tweintich jier lyn, in hiele generaasje lyn al, mochten alle Fryske bern op de middelbere skoalle wat opstekke oer har eigen taal. Dat it fak Frysk ferplichte oanbean wurde moast wie in hoopfolle ûntjouwing, dêr’t de mear as 350.000 Frysksprekkers yn de provinsje Fryslân út opmeitsje mochten dat yn Nederlân it rjocht op ûnderwiis yn it Frysk tenei serieus oppakt wurde soe. Earder hie dat ûnderrjocht ommers mar sa’n spultsje west fan hjir wat, dêr in bytsje, en alles op basis fan frijwillichheid en it entûsjasme fan de inkeling.… Lês fierder

Teleks: Fryslân DOK Bouwe oan in taal 2

logo.ensafh

De Ingelsen kenne allegear Shakespeare, alle Dútsers kenne Goethe. Wêrom kenne wy Friezen dan mar amper Gysbert Japicx? De Fryske taal wie yn de 17e iuw op stjerren nei dea. Oant Gysbert Japicx út Boalsert yn it Frysk begûn te dichtsjen. Hy wie sa suksesfol dat hy dêrmei it Frysk fan de ûndergong hoede. 350 jier nei syn dea sjocht Fryslân DOK yn in trijelûk nei wat Gysbert Japicx no krekt foar de Fryske taal betsjutten hat.

Bouwe oan in taal 2: Snein 13 novimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 12 novimber om 15.30 oere en snein 13 novimber om 13.05 oere op NPO 2.… Lês fierder