Ik woe it ‘nije Fryslân’, dêr’t ik yn ’e krante oer lêzen hie en dêr’t ús âlderlik hûs op útsjocht, wolris fan tichterby besjen. Dat ik fytste lesten in nij rûntsje troch de polders efter Tersoal: oer de Wierren by de ‘Sânplaat’ del en it Slúske oer, doe foar it earst ris mei it pontsje oer nei Terherne, yn Jinshuzen in lêste ijsko fan ’t seizoen, en oarekant Aldskou in stik de Grienedyk folgje. Sûnt koarten steane der ynformaasjetafels oer it ferline fan dy binnendyk, de silen en de bûtlannen. In hunichkleurich ljocht lei oer biljertlekkengriene greiden dêr’t de kij rjochting melkmasinen stapten en de guozzen fergadering holden.… Lês fierder