Hedwig Terpstra

Petear mei Marga Claus

logo.ensafh

‘Om helder yn ’e holle te wurden giet de ien te draven en de oar te winkeljen en ik pak de pinne om dingen foar mysels op in rychje te krijen.’

Marga is op 16 febrewaris 1955 berne yn Ljouwert en hat dêr oant har sande jier ta wenne. Dêrnei ferhuze se nei Easterein. Se folge de ûnderwizersoplieding oan de PA yn Snits. Yn 1987 gie se as weryntreedster oan it wurk by de Stichting Basiseducatie Zuidwest-Friesland, letter opgien yn it Friesland College. Dêr folge se in post-HBU-stúdzje folwoeksene-edukaasje wêrnei’t se Nederlânsk en kompjûterles joech yn Snits. Op it momint jout se ekstra stipe by it fak Nederlânsk oan MBU-learlingen op it Friesland College yn Ljouwert.Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Langstme nei it wykein

logo.ensafh

As ik moarn dochs oan it wurk moat, dan sil ik ek in boek bestelle fan Diet Huber om moarn op te heljen. Ik tink dat it Blinder de Boekeflie wurdt. Eins moat ik ris in hiele dei nei Tresoar, want dy argyfstikken mei ik net mei nei hûs ha. Dy wol ik allegear graach ynsjen. Ik bin op it stuit hiel benijd nei mooglike deiboeken en hânskriften fan earste ferzjes fan ferskes.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Willem Tjebbe Oostenbrink op Meander

logo.ensafh

Willem Tjebbe Oostenbrink (Grijpskerk, 1963) dicht in het Westerkwartiers (West-Gronings) en in het Nederlands. Hij debuteerde in 2013 met de Groningstalige bundel Opdreugde troanen (Opgedroogde tranen) en ontving de Duitse Borslaprijs (2014) en de Freudenthal Aanmoedigingsprijs (2010). Zijn poëzie ademt warmte, humor, liefde voor de taal en cultuur. Zij lijkt op het eerste oog verbonden met zijn geboortegrond, het Groninger Westerkwartier, maar bij nadere beschouwing breder, universeler. Dichten is voor hem de werkelijkheid vangen, doorgeven en weer loslaten. Hij heeft gepubliceerd in tijdschriften als het Groninger Krödde, het Friese Ensafh, het Drentse Roet, Noach’s Kat.

Lês fierder by MeanderLês fierder

Henk Wolf: Is it Biltsk in mingtaal?

logo.ensafh

Is it Biltsk in mingtaal? Paulus van Sluis, Eric Hoekstra en Hans van de Velde skriuwe fan al. Eric ljochte juster op dit plak ta wêrom’t se dy konklúzje lûke. Marc van Oostendorp giet noch wat fierder. Hy skriuwt op Neerlandistiek.nl sels dat it Biltsk in Hollânsk dialekt en in Frysk dialekt is. Ik ha de stikken op my ynwurkje litten en freegje my ôf oft der – mei de gegevens fan Van Sluis-en-dy yn ’e hân -net likefolle reden is om it Biltsk as in Hollânsk dialekt te sjen, sa’t dat oant no ta almeast dien waard.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Bart Kingma: ferliking tusken de Baskyske en Fryske kultuer

logo.ensafh

Libben

Hoewol’t ik it perfoarst net fan doel wie, ûntkom ik der net oan en ferlykje sa no en dan de Baskyske kultuer mei de Fryske, wylst ik hjir as Fries yn Baskelân omdoarmje. Ien fan de saken dy’t my wat oergeunsitch makke, is it brûken fan it Baskysk yn it offisjele ferkear. Wylst we by ús fan de iene yn de oare ferfelende diskusje rûgelje hjiroer, stiet boppe de doarren fan Baskyske bussen en gebouwen gewoan ‘yngong’ en ‘útgong’ yn it Spaanske én yn it Baskysk, en fyn ik oeral twatalige toeristyske en kulturele ynformaasje, op strjitte en op it web.… Lês fierder

It plak fan Geart Tigchelaar

logo.ensafh

De razende reporters fan ‘It plak fan…’ gean oer de grins. Nei Grins. We ha in ôfspraak mei Geart Tigchelaar, skriuwer fan ûnder oaren ‘Lúshâlding’ en ‘Bêste jonge’ en winner fan de Obe Postmapriis 2016 foar syn oersetting ‘Erik of it lyts ynsektenboek’. Nei in spannend ritsje troch de binnenstêd mei in doalhôf fan ienrjochtingsdiken berikke we it plak fan bestimming.

Lês fierder by de MoanneLês fierder