Blog Wobbe Atsma: sop

logo.ensafh

Keunst is mear as in blik tomatesop, ek mear as de 32 ferskillende smaken dy’t Warhol noch mei de hân op it doek skildere hat. Sopsoarten dêr’tst net iens fan wist dat se bestienen. Keunst is mear as sop dêrst net fan witst hoe’t it smakket, omdatst it noch noait earder preaun hast, grif omdatst it net priuwe woest of priuwe doardest. It falt ek net ta. Der binne guon dy krije it noait troch de strôte.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Jean-Marie Gleize: een andere poëzie uitvinden

logo.ensafh

Jean-Marie Gleize (Parijs, 1949) ziet zijn poëtische methode als een voortzetting van de historische avant-gardes van de jaren 1960-1970. Sinds 1987 wijdt hij zich aan een project dat de ‘versimpeling’ van de poëzie op het oog heeft. Hij onderzoekt nieuwe analytische concepten zoals de ‘naaktheid’ en de ‘letterlijkheid’ van het gedicht. Gleize wil een ‘realistische’ poëzie schrijven maar beseft meteen dat een zuiver objectief resultaat onmogelijk is. In zijn methode is er plaats voor fragmentair schrijven (‘sporen’), voor verschillende mechanismen (‘dispositifs’) waarin aantekeningen een plaats krijgen, evenals heterogene teksten, intertekstualiteit (citaten) en verwijzingen naar foto (vooral polaroid) en film (en video).… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Resinsjesearje

logo.ensafh

Sa’t it no liket, bin ik de hiele winter wol ûnder de pannen. Der lizze nei moarn noch trije nije boeken op my te wachtsjen foar in besprek, en it binne gjin fan allen berneboeken. No lêze guon boeken like fluch as berneboeken, ien dichtbondel hie ik sels yn in kertierke út. Dat seit ek wat oer de kwaliteit, mar dêr kom ik letter grif yn in besprek op werom.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Sipke de Schiffart

De tút

logo.ensafh

We koenen net fierder.
Oan ’e ein
fan de lange pier
by Moddergat
ticht by
Ingelskmanplaat.
Foar it earst dy middei
swijden we.
It wie sêft neijierswaar,
de sinne skynde,
de see lei stil oan ús fuotten.
As op in teken,
of tafallich,
draaiden ús gesichten
tagelyk
nei mekoar ta.
We seagen mekoar oan,
noait earder fan sa tichteby.
Us mûlen
waarden nei mekoar ta lutsen
as magneten.
We koenen net werom.… Lês fierder