Teleks: Gerben Abma ferstoarn

logo.ensafh

Yn Amsterdam is histoarikus en skriuwer Gerben Abma (1932-2016) ferstoarn. Abma kaam út in grutte boerehúshâlding yn Folsgeare. Hy studearre teology en skiednis oan de Universiteit fan Amsterdam, letter studearre er ek Frysk. Hy wurke as learaar skiednis en Frysk yn Ljouwert en Snits. Yn de jierren sechstich skreau er in oantal moderne romans, mar it kaam net ta in literêre trochbraak. Hy wie ek ien fan de inisjatyfnimmers fan it polemyske tydskrift A-wyt dat bestie fan 1967-1969. Yn 2005 folge noch syn roman De Brek.

Lês fierder by It Nijs. Sjoch ek by Sirkwy oer it ferstjerren fan Gerben Abma.… Lês fierder

Teleks: Jamila Faber kommende twa jier stedskeunstner Ljouwert

logo.ensafh

Jamila Faber út Ljouwert is de kommende twa jier de stedskeunstner fan Ljouwert. Sy waard tiisdei beneamd troch boargemaster en wethâlders. It kolleezje naam it advys fan de sjuery oer. De bestie út dichter Arjan Hut, kultuerredaktuer Diane Romashuk fan it Frysk Deiblêd en skriuwer Annemarie Lindeboom.

Faber is sawol skriuwer as muzikant en performer. “Zij is autenthiek, zowel als persoon als in haar werk”, neffens de sjuery.

Foar de funksje fan stedskeunstner fan Ljouwert hiene 51 gadingmakkers harren oanmeld. De sjuery socht de trije meast nijsgjirrige kandidaten út en dy hawwe har op freed 25 novimber yn in ‘pitch’ fan tsien minuten presintearre oan ûnder oaren de wethâlder, de sjuery en de parse.… Lês fierder

Aginda 18-12-16: Poëzij en klassike muzyk yn Klameare Warkum

logo.ensafh

Zondagmiddag 18 december organiseren de Gerben Rypma Stichting uit Blauwhuis en St. Cultureel NUT uit Workum gezamenlijk een middag vol klassieke muziek en poëzie in de Klameare te Workum.

De 16-jarige Tim de Vries heeft het vermogen om via zijn vioolspel verhalen te vertellen en is daarmee een van de grootste viooltalenten van Nederland. Hij won onder meer het prestigieuze Prinses Christina Junior Concours en het Britse Vioolconcours.

Tijdens deze middag zal hij onder begeleiding van internationaal pianist Remon Holsbergen enkele prachtige klassieke stukken spelen. Daarnaast zal zijn vader, dichter Abe de Vries, een van de bekendste dichters en essayschrijvers van Fryslan en eindredacteur van het Friesch Dagblad, voordragen uit eigen werk.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: It wite goud

logo.ensafh

Sperma, wa is der net grut troch wurden? In útspraak mei in absolút wierheidsgehalte. En net allinnich grut, mar ek noch moai. Dat bewearde in seksuologe yn alle gefallen, dy’t sei dat se it al jierren as smarmiddel foar de hûd brûkte. Alle dagen smarde se farske mannekwark op it gesicht, de hals en it boarst. En ik moat sizze dat se der foar har âlderdom behoarlik strak útseach…

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Sinteklaas jout mear boeken kado as ferline jier

logo.ensafh

De ferkeap fan boeken foar Sinteklaas rint spektalulêr. Dat melden de grutte Nederlânske boekwinkels moandei. De omset leit de lêste fiif wiken mear as 40% heger. En dat wylst 2016 dochs al in goed boekejier is. Opmerklik is dat de ferkeap fan boeken yn de echte winkels dêr mear fan profitearje as de online-ferkeapers. De omset wurdt benamme stimulearre troch boeken dy’t op de tillefyzje omtinken krije yn programma’s as De Wereld Draait Door en Voetbal Inside.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Lekkertellen #46: man bespreekt non-fictie van geleerde vrouw met waardering

logo.ensafh

Mocht u zich knarsetandend en met een opkomende migraineaanval gedwongen zien ‘traditioneel’ pakjesavond te vieren, lees dan deze instructie. En dan nu, beste lezeressen en lezers, de cijfers! Het kan vriezen, het kan dooien deze week: in de boekenbijlage van De Groene Amsterdammer worden overwegend vrouwen besproken. En! Tromgeroffel… Carel Peeters bespreekt een boek van vrouw, Lenteloos voorjaar van Hanny Michaelis! Helaas zijn er ook dieptepunten. Zo werd maar één van de dertien bijdragen aan NRC Boeken deze week door een vrouw geschreven, en slechts drie van de twaalf besproken boeken was van een vrouwelijke auteur. Gelukkig viel er nog wel iets leuks te beleven.… Lês fierder

Teleks: Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2017 oansteld

logo.ensafh

Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2017

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 5 desimber 2016 de advyskommisje beneamd foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Dy bestiet út dichter Pieter Boskma, Gerlien van Dalen, direkteur fan de Stichting Lezen, en toanielskriuwer Bouke Oldenhof.

De priis sil takend wurde foar oarspronkelike Fryske poëzij út it tiidrek 2013-2016. Yn totaal binne der in lytse fjirtich dichtbondels om te hifkjen. De titels binne te finen yn de listen ‘Nij ferskynd wurk’ op sirkwy foar de oanbelangjende jierren.
De priis kin ek takend wurde foar in hiel dichtersoeuvre. De foarige dichter dy’t de priis wûn wie Jacobus Q.… Lês fierder