Blog Daam de Vries: Wa giet mei?

logo.ensafh

Ik moat it efkes mei jim oer it klimaat ha. Dat ûnderwerp komt yn de ferkiezingsdebatten mar amper oan bar, dat sadwaande. Identiteit en oar ûnsinnich praat slacht foar master op.

De natoer reagearret op it klimaat, oarsom is dat net sa. Of jo soene it minskdom as natoer beskôgje moatte mar dat liket my der fier by troch om’t wy útfûn hawwe dat manlju en froulju eksakt itselde binne. Hoe’t dat fierder komt is my net rjocht dúdlik, ik ha der net foar trochleard.

Lês fierder by DaamLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Trendy

logo.ensafh

Hjoed begjin ik mei in rigeltsje oan nammen. En eins bin ik wol tige benijd hoefolle fan de harkers dy’t dizze moarn de frekwinsje fan de Omropradio keazen ha, witte wêr’t dizze nammen foar steane. Hjir komme se: Spike, Viceland, XITE, Shorts, AMC, Horse and Country, Fine Living en Brava. Ha jimme in idee? Binne it miskien bedriuwen dy’t krekt útein setten binne en noch net de bekendheid fan it grutte publyk ha? Binne it online winkels? Of nijerwetske tige hippe kleanmerken?

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Besprek Astrid Kuiper: ‘Speurnoazen yn Park Fiversburch’

logo.ensafh

Kick en Saar lizze op bêd en hearre in aaklik lûd. Se witte net wat it is, mar kinne der hast net fan sliepe. Se betinke in heldhaftich plan: se sille op ûndersyk út. Sjochst se al rinnen? Kiker om de nekke, bûslampe yn de hân: twa echte speurnoazen! Hiel stil slûpe se út ’e hûs en rinne nei it park. Yn it park hearre, fiele en sjogge se fanalles yn it tsjuster.

Lês fierder by Tjitske van DijkLês fierder

Réaltán Ní Leannáin, Janneke Spoelstra

In koarte ynlieding yn ’e Ierske literatuer

logo.ensafh

It âldste skreaune Iersk datearret fan ’e 7de iuw en waard op skrift steld troch muontsen dy’t sawol yn it Latyn skreaune as yn it Ald-Iersk. Neist religieus materiaal, sa’t wy dat sjen kinne yn foarbylden lykas it Book of Kells, hawwe de muontsen ek poëzy, mytologyske ferhalen en wetsteksten opskreaun. Der is in grut korpus fan mûnling trochjûne Ierske myten, datearjend út de izertiid, yn dizze manuskripten opnommen. Dêr binne ferhalen fan fjildslaggen by, en beskriuwingen fan keningen, skiednissen fan boppenatuerlike foarâlden en fan nije ynvaazjes op it Ierske eilân. In soad dêrfan ferwize nei de Fiannaíocht en Rúraíocht, de beskriuwingen fan ’e mannichte oan stammen en hearen op it eilân.… Lês fierder