Blog Sigrid Kingma: In ferneamde achternamme

logo.ensafh

Hjoed kaam ik foar it earst de namme Schurer yn de boeken tsjin. Ik sit yn Aldegea, Smellingerlân. Dy achternamme is fansels bekend wurden troch Kneppelfreed mei de rjochtsaak fan Fedde Schurer. ‘Dêr begûn de lange tradysje fan ynstjoerde stikken oer it Frysk yn de krante.’ Sa fersuchte in kollega. It hâldt net op, dy Fryske beweging, mar it hâldt ek net oer. Faaks is dat lêste wol de reden fan dat earste, sa’t eltse lytse klup besiket om net in stille dea te stjerren.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Teleks: Boekepromoasje nei de Afûk (Update)

logo.ensafh

Boekepromoasje nei de Afûk

​Provinsje Fryslân hat hjoed bekend makke dat fan 2017 ôf de Afûk de promoasje en de ferkeap fan Fryske literatuer fersoarget. De boekepromoasje wie yn de ôfrûne jierren by Tresoar dellein, de boekeferkeap by Boeken fan Fryslân. Op fersyk fan de provinsje Fryslân en yn oerlis mei Tresoar sil de Afûk dy promoasje- en ferkeaptaken no útfiere.
It bestjoer fan Tresoar hat yn 2016 in oriïntearjend ûndersyk útfiere litten nei it literêr klimaat yn Fryslân. Sintraal elemint fan it advys wie om de promoasje fan de Fryske literatuer oars te organisearjen. It Algemien Bestjoer fan Tresoar hat op 16 febrewaris 2017 mei dat advys ynstimd.… Lês fierder

Piet Paaltjens verstript

logo.ensafh

Er zijn maar weinig dichters uit de negentiende eeuw van wie we gedichten uit het hoofd kennen. Guido Gezelle natuurlijk, P.A. de Génestet wellicht, maar in ieder geval Piet Paaltjens. Jongeren zetten nog geregeld Snikken en grimlachjes op de boekenlijst. Niet alleen omdat ze de gedichten zo mooi vinden, maar ook omdat die toegankelijk zijn en omdat je in een uurtje zo’n bundel kunt lezen. Het gevolg is wel dat deze poëzie blijft leven onder het lezerspubliek.

Marc Weikamp besloot aan de slag te gaan met de gedichten van Paaltjens (François HaverSchmidt): hij verstripte ze. Of misschien is het beter om te zeggen dat hij ze zeer uitgebreid geïllustreerd heeft.… Lês fierder

Teleks: Sjuery bekend fan Ferhalewedstryd

logo.ensafh

Skriuwer Jetske Bilker, berneboekeskriuwer Paul van Dijk en Obe Postmapriiswinner Geart Tigchelaar foarmje de sjuery fan de Fryske Ferhalewedstryd.

It Skriuwersboun organisearret de Fryske Ferhalewedstryd yn gearwurking mei it Friesch Dagblad en Cedin. It tema fan de wedstryd is Gjin Styl!?, nei oanlieding fan it 100-jierrich bestean fan keunststreaming De Stijl.

Foar de winners wurdt in yllustraasje by it ferhaal makke. De keunstners dy’t dit dwaan sille binne (foar de kategory jongerein) Gert-Jan Oosting en (foar de kategory folwoeksenen) Nina Peckelsen.

Deadline foar de ynstjoerings is 15 maart. De útrikking is op 9 maaie yn Museum Dr888.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Kollum Sicco Rypma: De earste stien

logo.ensafh

Jonkje: “Pake, sjoch ik fûn op souder, in pintekening fan in âlde boat, is dat noch fan earder, fan de âlde Hanzefloat”? Pake: “Jonge, ‘k wie dat plaatsje al jierren kwyt, do makkest my bliid, no ha ik wer in hiel lyts stikje fan dy goeie âlde tiid”. (wize: Sudersee Ballade)

Hjir wurdt fansels Hanzestêd Boalsert besongen, dy’t ea krekt as Kampen, Brugge en Stockholm mei hiel Noard-Europa hannele.

Lês fierder by it Bolswards NieuwsbladLês fierder