Blog Sigrid Kingma: Spûkekrûd om titelroas wei

logo.ensafh

Eins soe ik in hânboek skriuwe moatte mei de titel: Debuteare foar dummies. Ik ha fan it begjin ôf alles ferkeard dien watst mar ferkeard dwaan kinst. Spitigernôch kin ik it net oerdwaan. In tip dy’t ik alfêst oan nije skriuwers meijaan wol is: skriuw net oer dyn útjouwer.

Dy falkûle kin ik yn alle gefallen net mear yn falle, want ik bin wer útjouwerleas.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Besprek ‘Pykje Fjouwer’ fan Lida Dykstra

logo.ensafh

Yn it nêst fan mem Skries leit noch ien aai. Mar Mem wurdt senuwachtich. It duorret har te lang. Se nimt de pykjes dy’t der al binne mei en giet fuort. Net folle letter slagget it pykje Fjouwer om de dop stikken te krijen. Hy begjint om te skarreljen yn it gers. Mar mem Skries wist it al: de greide kin gefaarlik wêze foar lytse skriezen.

Lês fierder by Tjitske van DijkLês fierder

Baukje Zijlstra

In grutte lytse-stedsroman

logo.ensafh

Op himsels is it in wûnder dat ik noch wat haw mei de Fryske literatuer, want ik fielde my no net fuortendaliks oansprutsen troch al dy boereromans út de Fryske kanon dy’t op de lêslist stienen foar it eksamen Frysk, sa’n tritich jier ferlyn. Al dy oersaaie românses dy’t yn it foarste plak basearre wienen op de bunders lân fan it mantsje en de heupbreedte fan it wyfke: ik hie der neat mei. En as der alris in boeresoan teology studearje soe, gie er binnen in pear moanne ten ûnder oan de ferdoarne ferliedings fan de grutte stêd, wat dan yn de measte gefallen ek noch Grins wie: sukkel.… Lês fierder

Teleks: Wa wurdt de nije Gemeentedichter fan Smellingerlân?

logo.ensafh

Smallingerland krijgt op 24 maart een nieuwe gemeentedichter. Uit de drie genomineerden Andries de Jong, Jan Ketelaar en Mark Spijkers kiest de jury de opvolger van Winfried Bruinsma.

De gemeente schreef vorig jaar een verkiezing uit voor een nieuwe gemeentedichter als opvolger van de huidige dichter, Winfried Bruinsma. De opdracht was om in het Nederlands of Fries een gedicht te schrijven over een actueel onderwerp in Smallingerland. Daar kreeg de gemeente dertien inzendingen op. Volgens de keurmeesters kwamen Andries de Jong, Jan Ketelaar en Mark Spijkers als beste uit de bus. De jury keek onder andere naar de kwaliteit van het ingestuurde werk en of het een breed publiek kon aanspreken.… Lês fierder

Aginda 26-03-17/02-04-17: Konsert mei Russyske muzyk en Fryske dichters

logo.ensafh

Op snein 26 maart (Ljouwert) en snein 2 april (Snits) om 15:30 oere jout Nootstroom, yn gearwurking mei Tresoar in bijsûnder konsert mei de Skilderijetentoanstelling fan Moesorgski. Under lieding fan de Fryske dirigint Arnaud Oosterbaan bringt Nootstroom in tagonkelik en meinimmend programma mei Russyske muzyk. Spesjaal foar dit konsert binne nije gedichten skreaun troch de dichters Anne Feddema, Elske Kampen en Arjan Hut.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder