Blog Daam de Vries: € 400.000,–

logo.ensafh

Foar it sicht gâns opskuor op ’t heden by Oes Omroep, Oes Taal. No moatte jo soks net oerdriuwe, mear as in stoarm yn in glês wetter is it net.

Der komt no efkes ien symptoamke foar it ljocht dêr’t de direksje mei ôfweve moat, it praat eins net wurdich. Dat der justjes mear te rêden is wol de direksje leafst neat fan witte en de feestboekreagearders witte dat oprjocht net. Dat ja, dan is der net sa’n grut probleem.

Lês fierder by DaamLês fierder

Sonnettengenerator

logo.ensafh

Raymond Queneau heeft in 1961 een papieren sonnettengenerator gepubliceerd, ik heb er al eens eerder over geschreven. Het heeft lang geduurd voor deze in het Nederlands vertaald werd. Maar nu is hij er. Niet op papier, wel elektronisch. Pieter Breman heeft een generator gemaakt waarmee 120.291.408.044.097.638.400.000 sonnetten geschreven kunnen worden.

Lês fierder by NeerlandistiekLês fierder

Aginda 21-04-17: Presintaasje samle wurk Tsjêbbe Hettinga

logo.ensafh

Op freed 21 april is yn Tresoar de Fryske presintaasje fan it samle wurk fan Tsjêbbe Hettinga.

It programma begjint om 16.30 en is frij tagonklik.

Piter en Wypkje Hettinga, bern fan de yn 2013 ferstoarne dichter, sille it earste eksimplaar oanbiede oan Henk Deinum, goede freon fan Hettinga en syn selskip op in grut tal bûtenlânske reizen. Yn it programma binne fierder bydragen fan de dichters Elske Kampen, Albertina Soepboer en Eppie Dam, fan Hjir-redaksjegenoat Piter Boersma, fan Ernst Bruinsma, haadredakteur fan De Moanne en fan Teake Oppewal, ien fan de gearstallers fan it boek.

Sjoch foar mear ynformaasje by SirkwyLês fierder

Aginda 10-04-17: SLAH ûntfangt skriuwer Karst A. Berkenbosch

logo.ensafh

De SLAH, stichting literaire activiteiten Heerenveen, ontvangt Karst Berkenbosch maandag 10 april in museum Belvedère.

Karst A. Berkenbosch is een veelzijdig man. Op deze avond zal hij vertellen over zijn schrijverschap. Dat begon al op zeer jonge leeftijd , getuige het feit dat op zevenjarige leeftijd van hem een gedicht werd gepubliceerd in de Friese Koerier. Van zijn hand zijn er 14 boeken over uiteenlopende onderwerpen verschenen, waaronder Bij de bek af, een historische roman over de Friese Waterlinie. Maar ook kunt u vanavond kennis maken met zijn muzikale talenten als singer-songwriter , waarbij hij begeleid wordt door de gitarist Eppie de Jong.… Lês fierder

Josse de Haan

Côte d’argent (1)

logo.ensafh

1

wjerljocht

wjerljocht sammelet kleur en fjoer
laserpylken sjitte út it wetter fuort
nêst ferbaarnt, eksters skatterje

hûs riist neaken op út reek en jiske
bonkerak sjoot balken, spikers, inisjalen
fêstlein yn in boek fan myte en leginde

rendez-vous-skommel

wurden rûgelje út myn holle
stuiterje op noas en tosken
skerp, skjin en parfumearre

morfemen wize twa skonken paad
glinsterje en reflektearje de nacht
oant de rendez-vous-skommel ferskynt

wite skipkes

sinne glûpt troch beammen
reindrip foar it finster filteret
kleuren giselje de oseaan

trije skipkes dobberje op it tij
fersjitte fan foarm, ferstopje har
wurde wyt yn ’t baarnend ljocht

*

Rinnend lâns it 4 km lange strân fan Hendaye op de lette jûn- elke dei in oardeloere – mei útsjoch op de Atlantyske Oseaan, kamen dizze fersen/observaasjes eins fansels yn myn kop omheech; as ik wer thús wie skreau ik se op, sa likernôch tusken novimber ’15 en septimber ’16.… Lês fierder