Aginda 23-02-18: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Klaas Rusticus

Op dy hichte dêrjinsen

logo.ensafh

Simmerfakânsje 1958.

Vader, Moeder en ik wiene yn it hûs fan Omke Marmion en Muoike Alouette yn Avignon, in treftich doarp fan rike boeren en skipskapteins-mei-pensjoen op it noardlikste puntsje fan it lân.

Jo sjogge dêr alles. Jo kinne hjirre de trein mei jo eagen folgje as’t dy fan Usquert oer Uithuizen en Uithuizermeeden nei Roodeschool ta rydt. Hy fiket him in paad troch it frije, beamleaze lân, lykas in read potlead dêr’t jo in streek mei lûke by in lineaal lâns.

No binne Vader en Moeder werom nei Snits en ik bin hjir efterbleaun.
Ik mei de earste dagen net reizgje: te benaud.… Lês fierder

Teleks: Reboelje by ‘Sis Tsiis’

logo.ensafh

Abe de Vries meldet op syn Facebookside: ‘Dizze minsken – Dykstra, Jellema, Huisman – hearre net by SisTsiis thús. Op de lêste gearkomste binne guon nei in lyts kertierke lilk opstapt om’t de eksplisyt anty-nasjonalistyske aginda fan SisTsiis har net befoel.’

Earder hie It Nijs in berjocht oer in aksje fan Sis Tsiis by de iepening fan Lân fan Taal. Guon fan boppeneamde nammen diene mei oan dizze aksje.

Sis Tsiis is in ‘boargeraksjegroep dy’t kampanje fiert foar goed ûnderwiis yn de Fryske taal.’… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: De takomst ropt om dy

logo.ensafh

Ferline wike ha we nei de iepening fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 west. Om’t we suver ûnder de yndruk wiene fan de foarnommen ferkearsmaatregels yn Ljouwert betochten we dat we fan Snits ôf mar better mei ’t spoar reizgje kinne soene. Wy ha thús efter de kompjûter de kaartsjes regele. Dat wie ek mar goed, want oars wiene we om’t it kâlder en wieter wie as we ferwachte hiene, faaks ek noch thús bleaun. We reizgen dus mei ’t spoar en doe’t we yn ’e trein sieten, betocht ik dat it skoften lyn wie, dat ik foar it lêst sa fan Snits nei Ljouwert reizge.… Lês fierder