Blog Huub Mous: Hessel Miedema & Allen Ginsburg

logo.ensafh

Gisteren was ik aanwezig in Tresoar waar van alles te doen was op het gebied van poëzie, literatuur en het grensgebied tussen deze disciplines en de beeldende kunst. Zo werd er ook door Jelle Krol het lange gedicht De greate wrakseling voorgedragen. Hessel Miedema schreef dit in 1964. Ik had me op deze voordracht verheugd, maar het werd een beetje een deceptie. Jelle Krol is geen poëzieperformer. Zijn voordracht was droog en saai, alsof hij de waterstanden voorlas gevolgd door de mededelingen ten behoeve van land- en tuinbouw.

Lês fierder by Huub MousLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Trilling

logo.ensafh

Hast dat wolris? In rilling dy’t by de rêchbonke begjint dan dan yn de teannen neitrillet. As er by de knibbels is, hast it gefoel as kinst elk momint yninoar sakje. De rilling ierdet en lost op. Dan is it wer oer en is it krekt as hat der noait wat west. Mar no is it oars. Dat gefoel yn de knibbels is net foar in pear sekonden, mar bliuwt dêr hingjen. Alle stappen dy’tst dochst fielst it tinteljen.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Ut ‘Roman fan in dokter’ fan Eric Hoekstra

logo.ensafh

Understeand ferhaal is oernommen út it manuskript fan it boek Roman fan in dokter fan Eric Hoekstra, dat yn ’e rin fan de maitiid útkomme sil. It boek is feitlik in modernisearring fan de fjouwer evangeeljes, mar dan as ien trochrinnend ferhaal (in saneamd diatessaron ‘ien út fjouwer’). De bedoeling is dat de kommende tiid geregeld sokke fragminten as foarpublikaasje op It Nijs te lêzen wêze sille.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Skite en spuie

logo.ensafh

Samar in gewoane dei. Wurk, in eintsje rinne en dan in lekker board pasta mei in bakje yochert nei. Neat oan de hân. Oant it momint dat it iten je even opbrekt. Ach, even in boerke en wer klear, sa wie it mei de bern ek altyd. Mar net dizze kear. It opbrekken feroaret. Je krije in nuvere swiete smaak yn de mûle en dan witte je it wol.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Foto’s Grutte Gedichtejûn ensafh yn Neushoorn

logo.ensafh

 

It Saailân, mei ‘Waterlicht’fan Daan Roosegaarde

seal Arena yn Neushoorn

 

Evita Bakker

Piter Boersma

Pieteke de Boer

Pier Boorsma

Dirk Geerdink

Joël Huitema

Elmar Kuiper

André Looijenga

Aly van der Mark

Aggie van der Meer

Raymond Muller

Henk Nijp

Willem Tjebbe Oostenbrink

 

Ridzert Postma

John Reeders

Sipke de Schiffart

Janneke Spoelstra

Martin Sybesma

Geart Tigchelaar

 

Tryntsje van der Veer

 

Gerrit de Vries

Jetze de Vries

 

Cornelis van der Wal

Syds Wiersma

Lês fierder

Blog Jaap Slager: Ferkeard spul

logo.ensafh

As ik deryn kom, slaan waarmte en leven my yn ‘e mjitte…

Ik prip de plu yn ‘e bak neist de doar en sykje plak oan ‘e taap.
Op ‘en nij hoallefoalje de jonges yn ‘e hoeke dat it sta seit. Freegjend sjuch ik Jelle oan, wylst er my in boarreltsje tapet. Mar hy beart of fernimt er it net; hy krijt de skûteldoek wer op en giet mei in gesicht as in ûle teset oer it diggelguod.
– In fuotbalspul, ferklearret Keimpe, begjin der mar net oer!
It lêste slacht op it feit dat Jelle oant no ta net folle lok hân hat op it mêd fan klantebining…

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Teleks: Finster op Fryslân krijt provinsjale stipe foar dit jier

logo.ensafh

De provinsje stipet it sjoernalistike gearwurkingsferbân ‘Finster op Fryslân’ foar dit jier mei in subsydzje fan 280.000 euro. It jild is bedoeld foar sjoernalistike produksjes, dêr’t de minske sintraal yn stiet. Neffens deputearre Sietske Poepjes moatte de produksjes yn byld bringe wat de gefolgen fan politike beslútfoarming foar de ynwenners binne. ”It giet om it nijs efter it nijs”, seit Poepjes.

Finster op Fryslân is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad en bestiet sûnt 2015.

Boarne: Omrop Fryslân

Lês fierder