Blog Daam de Vries: Matchfixing

logo.ensafh

It wie in tige enervearjende wike mei moaie en minder moaie dingen. Wy begjinne mei de moaie, dan ha wy dat mar hân.

Hoewol’t ik it ferline wike ek al in pear kear bespeurd hie is it no echt sa dat de sinne nei in oere as fjouwer troch it kokensrút skynt en dat docht er mei de dei langer. Ik wurd der och sa fleurich fan. Ik mei oars ek wol oer winter mar oft Piet it oer winter hat dan moatte jo der op rekkenje dat it kutwaar wurdt. Mar om’t Piet no yn it karnafal siet hie de sinne it net sa dreech en dy hat it no dus oprêden.… Lês fierder

Blog Wobbe Atsma: spoare

logo.ensafh

De trein spoart op tiid. Yn de kûpee slûgje wat lette studinten, de measte reizgers sitte lykwols oan´e grize kant fan it bestean. In frou – krekt ynstapt – stoartelet as hikkesluter yn de al wer ridende trein troch de kûpee. Pûstend blaast se it steile ponyhier omheech. Bliid mei in plakje oan it gongpaad freget se, in bytsje stammerjend, fatsoenlik om romte. It op in mobyltsje stoareagjende famke by it rút heisteret opstannich har tas oan ‘e kant. Suchtsjend ploft de frou del. Op ‘e skoat omklamje har mûtele hantsjes in grutte hântas.
De konduktrise komt der oan. Kaartsjes en paskes ferskine út bûsen en tassen.… Lês fierder

Blog Huub Beurskens: Bij het lezen van een Lucebertbiografie – 6

logo.ensafh

Traditioneel vormelijke poëzie, die van Aafjes, oké, maar daarmee nog geen pruldichter en, nee, inhoudelijk vaak verre van braafjes. En toen Bertus Swaanswijk vrijwillig tussen de Duitsers zat, zat Bertus Aafjes voor de Duitsers ondergedoken, daar waar hij toen gedichten schreef als ‘Friesland’, dat zo begint:

Lês fierder by Huub Beurskens

 … Lês fierder

Teleks: Dichtwedstriid Fryske Akademy

logo.ensafh

Yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 skriuwt de Fryske Akademy in dichtwedstriid út. De gedichten meie gean oer de Fryske Akademy, oer harren meiwurkers, wittenskippers, útstrieling, oer wat de Fryske Akademy docht, it gebou, de tún, of wat ien mar mear betinke kin. Om’t LF2018 ek om Fryslân giet, meie der ek gedichten ynstjoerd wurde dy’t dêroer geane en fansels mei ien en oar ek kombinearre wurde.

Sjoch foar mear nformaasje by de Fryske AkademyLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Relaasjemateriaal

logo.ensafh

Ik bin der wer. De gryp efkes flink fuortiten. In omke fan my sei (yntiid 20 jier lyn) datst ekstra goed ite moatst ast siik bist. Moatst dyn lichem de enerzjy jaan om wer mei op krachten te kommen. Ek al hast gjin sin oan iten, moatst dy sêd ite sadatst de sykte derút ytst. Dat ha ik ûntholden, en njoggen fan de tsien kear wurket it. No sa.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder