De Fryske Akademy hat in twajierlikse priis foar it bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer. De Skripsjepriis waard ynsteld by it fyftichjierrich bestean fan ’e Fryske Akademy yn 1988, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje in oantrún te jaan har ûndersyk op Fryske tema’s te rjochtsjen. De priis is in som fan 1000 (tûzen) euro.
Oprop 2022-2024
Studinten fan ’e universiteit kinne oant 1 juny 2024 harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis. Der binne in tal betingsten:
It ûnderwerp fan ’e skripsje moat lizze op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer, lykas Fryske taal- en letterkunde, skiednis of sosjale wittenskippen.… Lês fierder
… 