| Omsjen Fier fuort de lannen, heit Ik ets bast en beam yn my De beam ferjit ik net noch de goede grûn |
Sjarmeur út oare oarden Moatte de staken yn ’e swette Doare hat ferlet fan toasken Nee, |
| Omsjen Fier fuort de lannen, heit Ik ets bast en beam yn my De beam ferjit ik net noch de goede grûn |
Sjarmeur út oare oarden Moatte de staken yn ’e swette Doare hat ferlet fan toasken Nee, |
Stobbewylch ik
kâldkreakjend myn hout
dôf fan jannewaris
(ûn)heil
Rêd as de wyn
wiskest oer finneraai
myn tûken meitsje
gjin seil
Yn ierde en oer
woartelstobbe ik
weidzje it fiterjen
efternei… Lês fierder
Salvjend hingje
krúsdragers
tusken skiere els en esk
Mar wiidflechtich past
dyn sigenliif
it bêst
Wei fan
eilânsk bosk dêr’t
dea omwaret yn meartal
En do, hazze
witsto fan siden tried
as houk dy sjocht
Hy monark
do liifeigene en
fretten foar keningsbern
Oer de grêften kom ik net
lit de spoaren oan âldboers kij
myld hat fjoer nea west
Brekker fan flakkens
jout prachtich lân… Lês fierder
Het is het lichten van de zee,
Het is maar de zee, die licht?
Jacqueline E. van der Waals (1868-1922)
Dyn tij lit it op de râne fonkje
spielst oer dek en roef
baarje tsjin hout en
wurksike naden
Ik in skip
Kinst my brekke
Of bin ik skûte
én seeman
In seeman fan sân
bin ik
helm en swurden poetst
de skulpen fan de lûken
Yn dy sile
En dan sjonge
sjonge út sâlte brevieren
it is it ljochtsjen fan de see
it is mar de see, dy’t ljochtet?
Ik sânje dy… Lês fierder
De middei is healwei
de knipperkes dien
‘t is tiid foar tee tsjettelfol
De sliep hat it net ferdreaun
de jacht op doedestiids
dreamen tewekker gelyk
Yn har eagen in simmerjurk
it dûnsjen op freedtejûn en
dernei tútsje op ’e hoeke
En winterdeis swart iis
pronkride op de baan by skimer en
de rook fan waarme poeiermolke
Hja fielde him dwerstroch
syn leaden jas hinne
wylst izer it wetter bruts
De middei is healwei
it dûnsjen hâldt net op
de baan is fan har… Lês fierder
….winter, wen aan dat woord
C.O. Jellema
Slûpendewei wurdt it ekerlân bút
fan wytgrús gluorjend yn de fuorgen
in loft dy’t izich swart
syn fracht oanseit
In heiljacht lit it kreakje
skulpen op ruten en fûgels
te klomsk om har noch
tsjin de wyn te kearen
Myn hûd is net in jas foar de winter
foar skaad hast te tin
stoot dyn swijen
as snie troch de seamen… Lês fierder
Ut in glêzen doarp slacht
diggelskerp it ljocht
hakt swart út de nacht
winken yn ’e eagen kânsleas
Ea in sompich rommelplak
foar promkebeammen no
fol loadsen mei platte
plaatstielen koppen
Ea frij it risseljen en
kreakjen fan popels
no baltende neonmûlen dy’t
mei flamjende one-liners
de kimen oerraze… Lês fierder