Piter Boersma

Molwrot (13)

logo.ensafh

Feuilleton

13

‘Op Peaske-eilân,’ sei Seleina, ‘net earder.’
‘Ik kin wachtsje,’ sei Alexander, ‘mar it giet dan eins allinne noch mar om details. Do hast as famke ien fermoarde en dyn neef hat it sjoen.’
‘Op Peaske-eilân,’ sei se, ‘dan pas. Do bist de earste dy’t it no wit.’
‘Ier of let,’ sei Alexander, ‘dan is it der oan ta. Dat ha se tsjin my sein.’
De skille gong.
‘Dêr sil Catrinus wêze,’ sei Seleina, ‘en tink der om, hin, mûle ticht.’
Alexander liet him deryn.
Doe’t Catrinus siet, seach er om him hinne en sei: ‘Ik ha hjir twa kear earder west, mar dat is al hast twa jier lyn.… Lês fierder

Daam de Vries

Poppelaad op ’e romte

logo.ensafh

Dêr lei er dan, sa kreas as in krúsbei. Sierlik waar en krekt gjin winter mear. In lyts wek hiene se foar him makke en dêr it mei plestik beklaaide souke mei in bollepystebêd yn lein te driuwen.

Hoe’t er hjir sa kommen wie, wie net rjocht dúdlik. It wie yn alle gefallen helder dat syn mem him net hâlde kinnen hie. Fansels hiene jo hjoeddedei wol fan dy ynleverpunten foar bern mar de kâns wie grut dat jo dêr op kamera fêstlein waarden. Hy hold him mar wat fêst oan it byld dat er yn in sûpkeet berne wie en dat se dêr yn ’e mande ornearre hiene dat dit de bêste oplossing wie om’t der yn dizze oarder noch in beskate foarm fan út it sicht reitsjen mar net weiwurden mooglik wie.… Lês fierder

Willem Tjebbe Oostenbrink, Anja en Rintske de Vries

Opdroege triennen / Opdreugde troanen

logo.ensafh

 

Opdroege triennen

Fansels wie eartiids net alles better,
alles kaam folle letter pas.

Wy hiene it net breed mar der wie djipgong
yn iten en tinken. Wat wy net ieten
tochten wy derby eltse kear op ’e nij.
It ûnútputlik djip ferdronken keal
wer slachte en bret mei fleiskrûden.

Opdroege triennen ieten wy,
as piken om ’e nocht bret hiene,
mei aaien dy’t wer net útkommen wiene,
sean somtiden ek bakt.

It wiene tiden dêr’t men
gjin besef mear fan hat.
Wannear’t se opholden binne, wit ik
net. It wiene fan dy dagen
dêr’t men midden yn siet of men stie
der bûten en fernuvere jin der oer.… Lês fierder

Bouke Oldenhof

Sjueryrapport Fedde & Martha Bergsma-priis

logo.ensafh

Op sneon 14 desimber is oan Rients Gratama de Fedde en Martha Bergsma-priis útrikt foar it toanielstik ‘Eintsje libben’, dat troch de sjuery as it bêstr Fryske toanielstik fan de ôfrûne fiif jier oanwiisd is.
De priis wurdt takend troch de Stichting Fedde & Martha Bergsma-priis. Eardere winners wiene Tsjitske de Boer foar Prins Moreo’ (1994, Baukje Miedema foar ‘In beslút’ (1997), Antine Zijlstra foar ‘161’(2000), Romke Toering foar ‘Baarderlân’(2003) en Bouke Oldenhof foar ‘Lette ropping’ (2008).
De priis bestiet út in bedrach fan € 500,00 + oarkonde.

Hjirûnder it troch de foarsitter fan de sjuery, Bouke Oldenhof, opstelde sjueryrapport.

SJUERYRAPPORT FEDDE EN MARTHA BERGSMAPRIIS 2019-2013

Mei út namme fan myn beide mei-sjueryleden Tatiana Pratley en Grytha Visser mei ik hjir de befiningen fan de sjuery foar de Fedde en Martha Bergsmapriis 2013 ferwurdzje oangeande de ynstjoerde en foardroegen oarspronklike Fryske toanielteksten út it tiidrek 2009-2013.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

Redaksjoneel en ynhâld ensafh 6

logo.ensafh

Ynhâld ensafh nû. 6, 2013

3 Redaksjoneel

Jetze de Vries
4 FlústerjenJager

Meindert Reitsma
6 De stoarje fan in fertize oankrûpersallochtoan

Ane Bote Jukema
12 grand maître

Elske Schotanus
13 Tusken rekonstruksje en ferbylding

Sjieuwe Borger
18 Studintehûs

Anne Feddema
28 Deade do op Tibidabo

Janneke Spoelstra
31 Boartsjen is it, mar lykwols

Geart Tigchelaar
34 Hy is kommen

Baukje Zijlstra
40 Mist

Rein de Lange
49 natuerkunde

Jannie Roodhof-Pool
50 De boarstbringster, in monolooch

Joël Huitema
53 Al swalkjend op Hilbert

John Bosma
54 Flek

Edwin de Groot
55 Der wie ris in frommes mei in inketswart en deastil hert

André Looijenga
60 De ûndergong fan Pieter van Huizen

Xie Lingyun
63 it lette jier
(oersetting: Piter Boersma)

+ Register (losblêdich)

———————————————————————————————————–

Redaksjoneel

Dizze wike is der gjin ûntkommen oan.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Bûsdoek

logo.ensafh

Ik sit mei in dilemma. Soks is ferfelend. Jo wolle meastentiids nimmen tsjin de skinen traapje, yn dit gefal komt it Frysk eigene dêr nochris by. Ja, dan ha je it earne oer. Wat is it gefal, ik bin eigner fan in bûsdoek. Meardere, want in goede Fries is altyd ferkâlden. No falt dat bot ta, sûnt ik hast in jier lyn ophâlden bin fan smoken, ha ik noch mar ien kear in dei as wat snottere. De grutte ruften fol mei griene en giele substânsjes binne sûnt ik út de ploegetsjinst stapt bin al net mear oan de oarder. It kin dus noch wolris wat wurde mei myn sûnens.… Lês fierder