De wat âldere lêzers ûnder ús witte grif noch wol hoe kâld it wie op 18 jannewaris 1963, de dei dat de tolfde Alvestedetocht ferriden waard. It heucht my noch goed. Benammen de pine. Ik wie moarns betiid, noch yn it roettsjuster, mei ús heit by de start by de brêge oer it Van Harinxmakanaal, by Goutum. De wedstriidriders moasten út in garaazje wei drave en dan by it iis opbine. Ik ha gjin rider sjoen want der stie in ûnbidige kloft taskôgers foar ús te klomjen en ik wie noch mar in jonkje fan krapoan acht jier, safolle lingte hie ik doe noch net.… Lês fierder