Henk Nijp

Ai, ai, gjin diskusje mooglik

logo.ensafh

Us besoarchster is trou, der giet eins nea wat mis. Waar of gjin waar, mist of sniedunen, glêde diken, stjalpbuien, hjitteweagen, glûpende kjeld: elke moarn falt er op ’e matte, al foar achten, útsein op sneon, dan wol it wolris wat letter wurde. By wize fan sprekken dan, want se triuwt ‘m yn ’e bûtenbus. Wy ha net iens sa’n klep yn ’e foardoar.

Ik bin der mar wat wiis mei, mei de krante. As it min waar is en ik net tefolle oare drokten ha, sit ik gauris in pear oeren deis yn ’e krante. En dan ha ik it dus oer in echte krante, en net ien op in skermke.… Lês fierder

Henk Nijp

Klucht

logo.ensafh

In control freak bin ik neffens my net, ha ik ek nea west. Dan binne der wol oaren. Ik regelje meastentiids gjin dingen wiken, moannen of sels jierren yn it foar. Ik sjoch wol hoe’t it komt. Maarten ’t Hart hat eartiids ‘Het roer kan nog zesmaal om’ skreaun. En sa tink ik der ek oer. Mar sa no en dan wit ik  dochs wol graach wêr’t ik oan ta bin of hoe’t saken der op it stuit krekt foar steane. As ik in eintsje om wol, te draven of te kuierjen, sjoch ik earst  even op it buie-alarm om te sjen oft it no kin of dat letter op ‘e dei faaks in better plan is.Lês fierder

Henk Nijp

Bêste lokwinsken 

logo.ensafh

It rûn tsjin it lêst fan novimber. Tsjuster en skrousk waar, wat wietich ek. Yn ‘e maitiid hiene wy hjir ek west. Doe lei it lân der hiel oars hinne. Ik soe it paad noch wol witte, miende ik, mar de ôfslach kaam my dochs oer it mad. Ik gong efkes te gau fan it smelle dykje ôf en, nei wat wy altyd in bûtenlânske manoeuvre neame, stie ik wer yn de krekte rjochting. Doe wie it ek samar klear.

Yn it kantoar baarnde ljocht. Ik parkearre de auto op it ferhurde stik hiem en doe’t ik by de foardoar oankaam, gong dy fuort iepen; der waard blykber al op my wachte.… Lês fierder

Henk Nijp

Kerweike

logo.ensafh

‘Ja, eh, dat kin ik jo sa echt net sizze, it liket my it bêste dat jo even mei dat dinkje hjirhinne komme.’
Dat sei de winkelmeiwurker oan ’e oare kant fan ’e line. No, dat hie ik net yn ‘e holle fansels, it reinde dat it wat die, it like my op fleanen. Trouwens, se sei dat net yn it Frysk mar yn it Hollânsk en mei in dúdlike Ljouwerter tongfal, it foel noch ta dat in net yn it Ingelsk wie, dat hearre wy tsjintwurdich ek wol gauris yn ’e trochsneed winkel.
Ik wie yn petear mei in personielslid fan in boumerk.… Lês fierder

Henk Nijp

P&R – De oanhâlder wint

logo.ensafh

Doe’t ik fan ‘e moarn de bank-app wer ris iepene stie it der einlings op, it bedrachje dêr ’t ik noch rjocht op hie. Yn Amsterdam draaie de amtlike moles nammentlik ek net bepaald  full speed. Dit foarfal begjint op in waarme simmerdei yn july.
Wy soene in dei ekstra te húswarjen yn Amsterdam, by de bernsbern. Om’t wy de hiele dei wol besteld wêze soene, moast de auto mar wer nei  Park and Ride, Zeeburg II, want yn Amsterdam op ‘e dyk parkeare is in knap djoer grapke. Yn ús gefal soe it op mear as € 45,- útkomme. Femke hat it net sa op auto’s yn ‘e stêd en earlik sein, jou ik har dêr gjin ûngelyk yn.… Lês fierder

Henk Nijp

Jeie

logo.ensafh

De slachboom fan de brêge gong nei in lytse tsien minuten wer stadich omheech. De reade ljochtsjes dôven. Motors waarden op ‘e nij starten. It skip dat de opstopping feroarsake hie wie al in moai ein de Waadsee op. We koene wer troch.
We gongen rjochting ‘it bêste lân fan d’ ierde’ of wat dêr noch fan oer is. It wie noch ier yn ‘e maitiid en it sintsje lake ús ta. Hjir lykwols gjin skriezen op ‘e hikke of tsjotterjende protters, dykskiep trouwens likemin. Smûkskaadzjend beamtegrien is der alhielendal net of it moatte dy dy pear útrûpele flearen op Koarnwertersân wêze.… Lês fierder