Cao Zhi, Piter Boersma

in mosk yn it fjild

logo.ensafh

drôve winen yn ’e beamkrunen
hege weagen tamtearje dunen
wat hat men oan jins freonen bûke
as se it swurd net foar jin lûke
en sjochsto dy mosk dêr yn it sket
sjocht in falk en stoart him yn it net

it sjongt yn de fûgelflapper om
in jonge besjocht it drôf en stom
snijt dan mei syn swurd de mesken troch
de brune mosk sjoch him fleanen sjoch
in gisel dat op nei de sinne
as tank ien om de jonge hinne

oersetting/bewurking: Piter Boersma

 

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L.Lês fierder

Meindert Reitsma

De Prottelbontebokker

logo.ensafh

Yn ’e rin fan de tiid binne yn de Fryske letteren al in tal resjersjeurs/plysjeminsken opdûkt, tink oan Nier Hinnebruier en Dynte Planteit fan R.R.R van der Leest, Sigrid den Oudsten en Anke Terpstra fan Riek Landman of oan Homme Veldstra fan Rink van der Velde. Sûnt 2008 hat Fryslân der wer in nijenien by: Ale Alema fan ’e Bontebok. Yn dat jier debutearre Jan Schokker (1952) mei syn plysjeroman De Koalmasaak, útjûn troch Utjouwerij Elikser. Der soe in rige komme, dy’t faaks noch net oan syn ein is. Ein 2012 kaam it fjirde Ale Alema-mystearje út: Lykspul.

It nuvere testamint
Ale Alema is in resjersjeur sa’t je dy wol faker tsjinkomme: hy is krekt oer de fyftich, hat in búkje, mei graach in drankje, is by de frou wei en hat in muoisume relaasje mei de baas.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Datst yts boppe wetter hâldst’, Abe de Vries en syn dichtbondel Ravensulver

logo.ensafh

Abe de Vries (1965) is hikke en tein yn Winaam. Hy hat twa jier politikology studearre yn Amsterdam. Dêrnei hat er seis jier yn it leger wurke, ûnder oare as ynljochtinge-offisier. Fuort nei de oarloch om Kosovo siet er in jier yn Belgrado as korrespondint foar Trouw, Elsevier en ANP, en fan 2000 oant 2006 wie er as redakteur yn tsjinst by it wykblêd Elsevier. Yn 2006 waard er útjouwer by de Friese Pers Boekerij. Hy is dêr yn 2011 opholden. Hy skriuwt no freelance foar it Frysk Deiblêd. As tweintiger is Abe begûn mei it skriuwen fan poëzij, doe noch yn it Nederlânsk.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Twadde gedichtejûn fan ensafh goed besocht – mei fotoferslach

logo.ensafh

Yn in ûntspannen en noflike sfear kamen tongersdeitejûn 31 jannewaris sa’n fyftich dichters en foarlêzers op yn kafee Vellinga yn Snits om fersen foar te dragen. Mei-inoar ha der 110 besikers west, in goede opkomst! De jûn wie organisearre troch ensafh yn it ramt fan de nasjonale gedichtedei. De gedichtejûn is in moaie gelegenheid foar Fryske en Hollânske skriuwers en dichters om inoar te moetsjen. Geweldich om te sjen dat der safolle dichters binne yn ús omjouwing en ek dat der sa’n belangstelling is foar poëzij!

De dielnimmers koene elk twa of trije gedichten foarlêze. Dat mochten eigen gedichten wêze of gedichten fan oaren.… Lês fierder

André Looijenga

Foaropwurd 82: ferskaat

logo.ensafh

De lêste tongersdei fan jannewaris is Gedichtedei. De Fryske literatuer hat grif wolris in mindere 31 jannewaris meimakke as juster: twa wichtige nije dichtbondels binne útkommen, en de jûns hiene wy fan Ensafh by Vellinga yn Snits it hûs fol mei de Grutte Gedichtejûn. In wûnder ferskaat en in tige slagge jûn.

Ensafh is in literêr tydskrift fan it ferskaat. Mei in positive betsjutting fansels: net in beiert fan doch-mar-wat dêr’t de grutste ropper boppedriuwt, mar in medium dat útienrinnende stimmen in plak jaan wol. Mei dêrby it betingst ‘yn it Frysk of in Fryske streektaal’. Lûden dus dy’t net in soad heard, en fierste min lêzen wurde.… Lês fierder

Josse de Haan

Gjalpen fan it hert – in analyze

logo.ensafh

It hat kritika Elsbeth Etty west dy’t sei: ‘Op faceboek en Twitter kan de literaire wereld er soms uitzien als een zichzelf constant feliciterende massa.’ Wat my oanbelanget hearre de kritiken op it mêd fan proaza en poëzy yn de measte deiblêden ek by dy lokwinskjende wrâld. Yn De Groene Amsterdammer is Kees ’t Hart noch âlderwetsk kritysk sa’t it eins heart. Hy hat dan ek in gedegen literêre oplieding hân, is sels skriuwer en syn styl fan skriuwen noeget út. Nei de bek prate hat er nea dien. Skriuwer en lêzer ha wat oan syn kritiken.
Wiene Anne Wadman yn it ferline, en letter ús generaasje fan de sechtiger en santiger jierren soms tige kritysk, no is de strikt literêre krityk dêr’t literêre arguminten in rol spylje oangeande tema’s, metafoaren, styl, foarm en problematyk yn in roman faak fier te sykjen.… Lês fierder