Hêdulos, André Looijenga

Lit ús drinke!

logo.ensafh

Lit ús drinke! Want ja, wat nijs, want ja, by in glês wyn wat
wolle wy dichtsje, in licht en huningswiet fers.
Kom, spiel my mei flessen út Chios dweiltroch, en sis: ‘Boartsje,
Hêdulos!’ Ik ferspij in libben yn leechte, as ik net drink.

*

Πίνωμεν· καὶ γάρ τι νέον, καὶ γάρ τι παρ’ οἶνον
εὕροιμεν λεπτὸν καί τι μελιχρὸν ἔπος.
Ἀλλὰ κάδοις Χίου με κατάβρεχε, καὶ λέγε· “Παῖζε,
Ἡδύλε.” μισῶ ζῆν εἰς κενὸν οὐ μεθύων.

*

Hêdulos (Hedylus) kaam fan Samos en wie as dichter warber om it jier 280 f.Kr. hinne. Der is inkeld in hânfol epigrammen op syn namme oerlevere.Lês fierder

Cao Zhi, Piter Boersma

in mosk yn it fjild

logo.ensafh

drôve winen yn ’e beamkrunen
hege weagen tamtearje dunen
wat hat men oan jins freonen bûke
as se it swurd net foar jin lûke
en sjochsto dy mosk dêr yn it sket
sjocht in falk en stoart him yn it net

it sjongt yn de fûgelflapper om
in jonge besjocht it drôf en stom
snijt dan mei syn swurd de mesken troch
de brune mosk sjoch him fleanen sjoch
in gisel dat op nei de sinne
as tank ien om de jonge hinne

oersetting/bewurking: Piter Boersma

 

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L.Lês fierder

Meindert Reitsma

De Prottelbontebokker

logo.ensafh

Yn ’e rin fan de tiid binne yn de Fryske letteren al in tal resjersjeurs/plysjeminsken opdûkt, tink oan Nier Hinnebruier en Dynte Planteit fan R.R.R van der Leest, Sigrid den Oudsten en Anke Terpstra fan Riek Landman of oan Homme Veldstra fan Rink van der Velde. Sûnt 2008 hat Fryslân der wer in nijenien by: Ale Alema fan ’e Bontebok. Yn dat jier debutearre Jan Schokker (1952) mei syn plysjeroman De Koalmasaak, útjûn troch Utjouwerij Elikser. Der soe in rige komme, dy’t faaks noch net oan syn ein is. Ein 2012 kaam it fjirde Ale Alema-mystearje út: Lykspul.

It nuvere testamint
Ale Alema is in resjersjeur sa’t je dy wol faker tsjinkomme: hy is krekt oer de fyftich, hat in búkje, mei graach in drankje, is by de frou wei en hat in muoisume relaasje mei de baas.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Datst yts boppe wetter hâldst’, Abe de Vries en syn dichtbondel Ravensulver

logo.ensafh

Abe de Vries (1965) is hikke en tein yn Winaam. Hy hat twa jier politikology studearre yn Amsterdam. Dêrnei hat er seis jier yn it leger wurke, ûnder oare as ynljochtinge-offisier. Fuort nei de oarloch om Kosovo siet er in jier yn Belgrado as korrespondint foar Trouw, Elsevier en ANP, en fan 2000 oant 2006 wie er as redakteur yn tsjinst by it wykblêd Elsevier. Yn 2006 waard er útjouwer by de Friese Pers Boekerij. Hy is dêr yn 2011 opholden. Hy skriuwt no freelance foar it Frysk Deiblêd. As tweintiger is Abe begûn mei it skriuwen fan poëzij, doe noch yn it Nederlânsk.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Twadde gedichtejûn fan ensafh goed besocht – mei fotoferslach

logo.ensafh

Yn in ûntspannen en noflike sfear kamen tongersdeitejûn 31 jannewaris sa’n fyftich dichters en foarlêzers op yn kafee Vellinga yn Snits om fersen foar te dragen. Mei-inoar ha der 110 besikers west, in goede opkomst! De jûn wie organisearre troch ensafh yn it ramt fan de nasjonale gedichtedei. De gedichtejûn is in moaie gelegenheid foar Fryske en Hollânske skriuwers en dichters om inoar te moetsjen. Geweldich om te sjen dat der safolle dichters binne yn ús omjouwing en ek dat der sa’n belangstelling is foar poëzij!

De dielnimmers koene elk twa of trije gedichten foarlêze. Dat mochten eigen gedichten wêze of gedichten fan oaren.… Lês fierder