Jaen

Op ’e baan

logo.ensafh

Wy ride op ’e baan en
ik groetsje by de toer

dy op dyn hege post
wy streekje en ik streekje

de desennia troch oant
datsto wer mei ús rydst

wy op ús memmens
molketintsje tasette

ús melde by de heiten
dy’t prizen te ferdielen ha

de pakes fan ’e dyk ôf ús
earste skekken achtslaan en

wite reek jaand beslisse:
(dit útsprekke mei de pink

as piip tusken de tosken)
‘It sit der yn, dat kinst wol sjen!’… Lês fierder

Hidde Boersma

Duko 2

logo.ensafh

Boele hie mei Duko ôfpraat om in kâld glês bier te drinken op in terraske. Se soene inoar treffe ûnder de kastanje op it plein. Boele wie moai op ’e tiid en hy kaam op it idee om yn ’e beskutting fan ien fan de finsterbanken fan it stedhûs ôf te wachtsjen hoe’t Duko oankomme soe by de kastanje. It koe noch maksimaal in minút as fiif duorje foar’t Duko kaam, want Duko wie meast aardich op tiid foar syn ôfspraken. Yn ’e binnenbûse hie Boele in appel en dy helle er foar it ljocht. Hy roste de appel even lâns syn jas en sette de tosken deryn.… Lês fierder

Toyo Shibata

Jûnskimer / Sikehûskeamer

logo.ensafh

Jûnskimer

de lêste hap
fan it jûnsiten
dat de help klearset hat
en ik doch de skoattel ta

op dat stuit hear ik
hoe’t by de buorlju
de hiele húshâlding
fleurich laket

(oersetting: André Looijenga)

*

Sikehûskeamer

de âldste bin ikke
mei fiifennjoggentich
dan fjouwerennjoggentich
njoggenentachtich
seisentachtich
fjouwer froulju op in keamer

op dagen dat
ús famyljes op besite binne
it hûs fol âlderein
en op ’e gong
filefoarming fan rollators

ik
mei al dy laitsjende stimmen
yn ’e rêch
hingje oan ’e earm fan myn soan
sjoch by it rút wei
nei de kleare himel

(oersetting: André Looijenga)Lês fierder

Friduwih Riemersma

Boekpromoasje

logo.ensafh

De ferkeaper op de lapemerk rôp: ‘Ine mine… trampoline!’ Ik woe him freegje oft syn gerdynstof better ferkeapet at er ûnsin oer de merk raast. Mar ik hold my stil, it docht ommers bliken dat in ekspressive aksje likegoed in ynstrumintele funksje hawwe kin yn de ferkeap fan in produkt. Quentin Tarantino fertelde op Channel 4 News net hoe prachtich at syn nijste film is, mar hy spuide nei de ynterviewer haatlikheden dy’t op Youtube yn noch gjin fiif dagen oardelmiljoen views opbrochten. Boeken, dat wol sizze romans, komme net sa gau op it nijs as films, mar ik seach dat boekpromoasje tsjintwurdich wol mei fideomedia giet.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Ferantwurding

logo.ensafh

Stel je no ris foar dat Adolf Hitler noch libje soe. Of Stalin. Of Idi Amin.

Om ris mei dy lêste te begjinnen, dat wie my der ien. Bokskampioen swiergewicht fan Oeganda fan 1951 oant 1960. Gjin man om spul mei te krijen. Doe’t er yn 1971 diktator waard, beneamde er himsels mar ta ‘presidint foar it libben’.
Wy kenne de man as ‘de slachter fan Afrika’, en dy beneaming komt tichter yn de buert fan wat de man wie. It binne wat rûge skattings, mar sa’n 300.000 minskelibbens hat er op syn gewisse. Yn 1979 foel syn kaartehûs om en flechte er nei Libië en letter nei Saoedi-Arabië, dêr’t er mei syn fjouwer froulju libbe oant syn dea yn 2003.… Lês fierder

Hidde Boersma

Duko 1

logo.ensafh

Duko belle oan by Boele en wachte. It wie moai waar en hy hie der al hast spyt fan dat er oanbelle hie. Woe er net leaver in ein te kuierjen?
‘Ha Duko,’ sei Boele wylst er de doar foar Duko iepenhâlde.
‘Eh,’ sei Duko, ‘ik leau dat ik dochs leaver te kuierjen gean.’
‘Ek goed,’ sei Boele en hy sleat de doar wer.
Mei in wat ûnbestimd gefoel gie Duko doe mar op ’en paad. Mar dat gefoel liet er al gau farre, want hy die wat er woe, en Boele fûn it prima sa.… Lês fierder