Foaropwurd
Wat in dagen, wat in tiid fan it jier. Keninginnedei ha wy lykwols oerslein en 1 maaie ek, wêr’t it omtinken fan ensafh nei útgiet yn dizze ôflevering binne 4 en 5 maaie, oarloch, ûnderdrukking, de holocaust, frijheid, frede, hoop, mar ús lân bejout him dan noch yn de striid om Nederlânsk-Ynje.
Liet en poëzy
Op dizze ensafh publisearje wy de Mauthausensyklus fan de Grykske komponist Mikis Theodorakis, basearre op de teksten fan de Joadsk-Grykske dichter Iacovos Kambanellis, dy’t de ferskrikkings fan it nazykonsintraasjekamp Mauthausen sels meimakke hat en dat bart yn de útfiering troch de Fryske sjonger Douwe Heeringa fan de troch Baukje Wytsma oersette ferzje fan de syklus.… Lês fierder