Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It is yn Fryslân noait goedernôch of der moat krimmenearre wurde. Sa skriuwt Eeltsje Hettinga op 10 oktober nei oanlieding fan de Gysbert Japicx-priis it folgjende: “Nettsjinsteande it dozyn redakteuren dat it literêre tydskrift Ensafh. telt, kaam it blêd it ôfrûne heal jier net fierder as de presintaasje fan in longlist en in ûnnoazel yninoar knutsele poll.”
Hy skriuwt sels al dat der neat dien is om ‘reuring’ te jaan oan de Gysbert Japicx-priis, De Moanne lit it ek ôfwitte.
Mar op de ensafh-poll is in soad stimd wurden, ek al is it net in offisjele poll. En ferrassend is dat der sa’n relatyf ûnbekend wurk as ‘winner’ út de bus kommen is.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint: De gewoanste man fan Hidde Boersma

logo.ensafh

Dêr’t Hidde Boersma yn syn ferhalebondel Fol túch de mist yn (2010) alderhanne frjemde apostels achter de kûlizen tefoarskyn komme liet, folget er no ‘de gewoanste man dy’tst dy mar yntinke kinst’ sa’t de achterflap fan syn romandebút tsjûget.

En dat is Ale van der Meer, 57 jier âld. Ale is in tige evenredich man dy’t gjin kwea wurd oer in oar sizze sil. As elk syn eigen paadsje skjinhâldt, is der neat te rêden. Ale is foarman fan ’e strjitmakkers fan de gemeente. Dy krije lykwols hieltyd minder te dwaan, swiere wurkdagen hawwe hja net mear.
Typearjend oan Boersma is dat syn personaazjes hieltyd ta nije ynsjoggen komme, dat is ek it gefal sa yn syn roman.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Hoe maklik men ynkognito gean kin, is net te leauwen. En mei maklik doel ik derop dat men dêr gjin grutte muoite foar hoecht te dwaan. In sinnebril is nammentik al foldwaande. En in pear moaie giele klompkes.
It komt nammentlik gauris foar dat ik sa op ’e fyts myn – meast – deistige blokjes om fyts en dan ek wolris in bekende tref. Dy groetsje ik dan, en krij meast in groet wer werom. Lykwols is dy groet fakentiids in plichtmjittigenien. Je wurde groete, dan groetsje je werom. Sa giet dat. Ofrûne saterdeimoarn herkende in redaksjelid my net iens.
As sa’n simpele siel as my sa maklik ûnherkenber wêze kin, moat it foar grutte stjerren ek te dwaan wêze.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Simmerfakânsje is komkommertiid sizze se, mar dat giet lang net altyd op. Want yn ’e fakânsje hat him moai wat ôfspile. De diskusjes fiere heechtij op allerhande social media en op it nije ensafhoarum (link).
Krityk is fansels goed, wannear’t it opbouwend is. Tusken alle skellerij sitte wol dingen dy’t it oertinken wurdich binne. En dat sil ik ris dwaan no’t ik op it stuit yn Eastenryk sit om te bekommen fan ’e ferhúzerij dy’t ik no achter de rêch haw.
Ensafh is neat mei neat, komt it bytiden op del. Wis, wy soene mear dwaan kinne en benammen mear helje kinne út de digitale tûke dy’t wy hawwe.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Doarpsfeest

logo.ensafh

‘Hee Sjouke, silsto moarntejûn ek nei de feesttinte?’
‘Eh nee, jong, wat moat ik dêr?’
‘No, wat docht men meast yn in feesttinte? Feeste, fansels!’
‘Mei al dy dronken boeren?! Nee, dat is net myn idee fan feestfieren.’
‘Och hea, fielt er ’m te goed, jong?’
‘Nee, ik haw dêr domwei gjin ferlet fan. En dan dy muzyk, net om oan te hearren.’
‘Eh juh, dêr giet it dochs ek net om, mar om ’e geselligens.’
‘Dy haw ik ek wol achter yn ’e tún. Mei in bierke en de fjoerkoer oan. Dat haw ik folle leaver as dat leven fan in feesttintemuzyk.… Lês fierder