Anneke van Renssen, Willem Winters

Omreizgje / Húsdier hûn

logo.ensafh

Omreizgje

Ik bin gek op omreizgjen en Willem gelokkich ek, dus wy mar wer ‘s op ‘en paad, dizze kear mei ús bus nei de Balkan en Itaalje. Neist Roemeenje, dêr’t Willem in man de grize joech omdat hy in swerfhûn imitearre, wie Montenegro in topper. Nea witten dat it der sa moai is. Mar ja, fan Montenegro nei Itaalje is oer lân in hiel ein. Dan de boat mar, fan Bar nei Bari. Doe wy de oerstek boekt hiene (in makje) mar eefkes sjen nei de boat. In prachtige boat, neat mis mei. De oerstek soe om tsien oere jûns wêze, maar wy moasten der al om acht oereferskine.… Lês fierder

Daam de Vries

Kutbinde, dy beropsfriezen

logo.ensafh

Sawat hiel bestjoerlik en amtlik Nederlân is gear oer de kwestje Haren. De fraach is hoe’t ien en oar sa healwiis beteare koe. Myn buorjonge – ien út in modelhúshâlding – hat der ek hinne west. ‘Even de ramptoerist spelen,’ twittere er.

Fan ferskate kanten wurdt mei klam wiisd op de rol fan de sosjale media. Dy hiene wy hjir oars fjirtich jier lyn al. Kaam de knokploech fan Bitgum de Ingelumer kant út. Soks wie – freegje my net hoe’t er it hie – bekend by plysje De Jong. En dêr hiene wy as jonkjes fan in jier as tsien-tolve in soad respekt foar.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ‘e planke

logo.ensafh

Yn dizze nije nije boekerubryk sil ien kear yn de moanne in oersjoch jûn wurde fan nij ferskynde of nij te ferskinen boeken yn it Frysk, of oer it Frysk en Fryslân.

As jo as skriuwer of útjouwer jo eigen boeken hjir net tusken fine, hâld ús dan fan jo wurk op de hichte fia redaksje@ensafh.nl

Poëzij

Abma, Willem – mei in ynlieding fan Philippus Breuker

Troch eigen lânskip

Wijdemeer, Ljouwert 2012

ISBN 97890 8185 2135

Ferkeappriis € 39,50

Dizze brede blomlêzing út de fersen fan Willem Abma lit de ûntwikkeling sjen fan it dichterskip: fan de iere grimmitige fersen dy’t er ûnder de namme Daniel Daen skreau, oant de skôgjende, mylde fersen út de bondel Inerlik Ferskinen.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (8): Mei de Moanne fan it Fryske boek fan ’e rein yn ’e drip

logo.ensafh

Mear as trije jier lyn is it al wer dat it neffens de provinsje dien wêze moast mei de Stichting It Fryske Boek. It Fryske Boek organisearre de Fryske Boekewiken (oan ’e ein fan ’e winter) en de ferneamde Sutelaksje (yn ’e hjerst). It mei wier wêze dat de Stichting It Fryske Boek de swung wat út wie, feit bliuwt dat no goed trije jier letter konstatearre wurde kin dat de provinsje wat al te hastich de stekker der út lutsen hat en de net al te gelokkige kar makke hat om It Fryske Boek oer te heveljen en opgean te litten yn Tresoar.… Lês fierder

André Looijenga

Foaropwurd 73

logo.ensafh

Nije einredakteur digy

Fjirtich nûmers fan ús literêre ynternettydskrift ensafh.nl hat Geart Tigchelaar einredakteur west. Twa jier lang hat er, útsein de simmerskoften, alle twa wiken in foaropwurd skreaun. Fjirtich foaropwurden mei-inoar, dy’t har troch de tiid ûntjûn hawwe fan ynhâldsoersjoggen ta lytse persoanlike finjetten oer de skriuwerij. Suver wat skruten klonk ús Geart noch yn syn earste foaropwurd, no krekt twa jier lyn. Gau woeks er yn de rol fan foaropwurdskriuwer, mei sfearsketsen fan de wille fan it lêzen en it skriuwen, nei wat winliken koarte kollums waarden op Fryslâns literêre libben. Mar ja, lêze jo foaropwurden eins wol, frege er terjochte ôf.… Lês fierder