It moat ein septimber foarich jier west ha, doe’t ik in pear mails út it heitelân kriich mei de fraach oft we hjir ek lêst hienen fan oerstreamingen. Dêr wie sprake fan op it nijs, mar de tichtste by wie hjir trije oeren wei. De rivier hjirnjonken wie faak mar in lyts streamke, dat myn earste reaksje wie dat se har mar net ûngerêst meitsje moasten want it wetter wie noch fier fuort. Mar soms rint it oars as men ferwachtet.
’t Is in oere as twa as ik de bus útstap en it universiteitsterrein opkuierje. Ik meitsje in praatsje mei de man fan de befeiliging en rin nei it sekretaariaat dêr’t ik yntsjekke moat.… Lês fierder


