Earst moat it pún oan ’e kant,
oars kinne je gjin nij fûnemint bouwe.… Lês fierder
Kultuer libbet út himsels, út syn yntrinsike krêft wei. It is yn ’e minskewrâld in gegeven. Oer kultuer hoecht men net yn te sitten.
Men hoecht dêrom ek net yn te sitten oer oerheidsbesunigingen op kultuer. Dat jild is moai meinommen mar de kultuer bestiet der los fan.
Itselde jildt foar in auteur dy’t seit dat er hast wol mei it skriuwen yn it Frysk ophâlde kin om’t de provinsje der hieltyd minder jild foar oer hat. Lit him ophâlde, want foar de kultuer wie er al ferlern.
Kultuer hat syn eigen dynamyk, kreëarret syn eigen situaasje.
As in oerheid besuniget op kultuer komt dat út ’e kultuer sels wei.… Lês fierder
Ut myn hotelkeamer haw ik it sicht op in skomjende see. De Arabyske See dizze kear. De brâning is mar op hûndert meter ôfstân en makket dat bekende lûd dêr’t ik as bern sa sljocht op wie. De fakânsjes op Skylge mei it ljocht fan de Brandaris en yn de fierte, as je hiel goed lústeren, sei ús heit, de brâning fan de Noardsee. De ramplesant foar de Brandaris is der ek: it lighthouse, in toer yn heldere kleuren wyt en read skildere. Alle jûnen wjukje de strielen oer myn holle hinne. Ik bin hast yn it súdlikste plak fan Yndia en dochs fielt it sawat as thús.… Lês fierder
Gent moast sa’n moaie stêd wêze, in soad kultuer ek. Wy moasten dêr sels mar ris sjen en in kearke net, lykas oars, trochjeie nei Frankryk.
Wy moasten fansels nei it SMAK, [Stedelijk Museum voor Actuele Kunst] ferneamd fanwege de spraakmeitsjende tentoanstellingen fan hypermoderne keunst.
2 frachtweinen fol
De earste seal biedt in ferrassend útsjoch op in foto fan in ûnbidige hal. It glês spegelet de seal dêr’t wy yn steane, seal en hal mjukse troch inoar hinne.
Ferhip, dêr beweecht wat: in pear minsken, in heftruck…
De skiedingswand blykt fan glês en wy sjogge yn dy hal, mei panoramysk effekt, de technyske tsjinst fan it museum oan it wurk.… Lês fierder
Ienris yn de safolle tiid moat men jin útprate, de kop himmelje en it moed romje. Oars krijt men op it lêst in soarte fan fersmoargjen, ôfeart dat him fêst set en nei ferrin swierrichheden jout. Dat ik sels ek oan sa’n himmelaksje ta wie fernaam ik okkerdeis, doe’t ik my ûnder de dûs mei autosjampoo stie yn te sjipjen. Folle rook siet der net oan, mar it skomme omraak. It die bliken: de frou hie de tegels dermei dien. Dy begjinne der nammetlik moai fan te glimmen, en it wetter bliuwt der ek minder op lizzen. Dat lêste wie by my net it gefal, mar de plasse hat, nei wat wriuwen en poetsen, noait sa moai glânzge as doe.… Lês fierder
Don Quichottery bestiet net, dan is it ‘bezigheidstherapie’.
Tekst: Hindrik Wiebe Rinzema & Geart Tigchelaar
Yllustraasje: Hindrik Wiebe Rinzema… Lês fierder
Udaipur, Jodhpur, Bharatpur, Jaipur, Dungarpur, Ranakpur, dat binne de nammen fan de wichtichste plakken yn Rajasthan. Sit wol wat logika yn sa’n rige. It is te ûnthâlden. Rajasthan, de steat dy’t sa noflik tsjin Pakistan oan heukert.
Wat je der dwaan kinne yn Rajasthan? No fan alles. Bygelyks ris in besite bringe oan de tigers yn it Sariska National Park. De kâns op in moeting is net grut, dat sels ik soe it oandoare. Mar dan komt de klap. Yn it hotel yn Alwar, moai tichteby it park, hinget in notysje: Sariska Park: 4 tigers. En dat op 800 fjouwerkante kilometer.… Lês fierder