Sigrid Kingma

Tiid, myn maat

logo.ensafh

Lit my in fisk wêze
en net fersûpe
yn it protsje tiid dat ik ha
in fûgel, in fûgel oars!
en fleane, de hiele dei
mei it oersjoch oer de wei
mei de tiid mei

Dat protsje tiid
it hat my te pakken
ik sit yn it tsjuster
sûnder te witen
fan ’t ferfleanen fan ferrin
hoe lang oft dit noch duorret
Blyn..
Wit immen hoe let it is?… Lês fierder

Ulke Brolsma

Big Surprise

logo.ensafh

‘Bisto troud?’ freegje ik. Tsjin my oer sit in jongkeardel fan krekt yn de tweintich, as ik him sa skat. Hy roeit my oer de Ganges. It is seis oere moarns en ik bin op wei nei de ghats fan Varanasi oftewol Benares, de kilometerslange kades dêr’t Hindu Yndia alle moarnen it wetter yn stapt op wei nei de ferlossing. Bygelyks om net as in kikkert werom te kommen op dizze ierde, mar as it efkes kin ien kaste heger of sa. Wat de mannen oanbelanget, leafst net as frou. De Ganges, de smoarchste rivier fan de wrâld. Alle sykten dy’t je betinke kinne sitte fleurich yn it Ganges Hindu pakket.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Snein lêstlyn wie der wer in Literêr Sirkwy, dêr’t in gefolch fan hjir op Poadium stiet: Edwin de Groot mei syn Roomske Monolooch. De tsjerke yn Poppenwier siet grôtfol. Dat betsjut neffens my dat de literatuer libben is. It soe dêrom ferrekte spitich wêze as troch besunigings en wat al net dêr gjin jild mear foar wêze soe. It kulturele klimaat soe dan útstjerre. En dan om ‘e 14 dagen in nije ôflevering fan ensafh op ynternet. En it is net allinnich mar in spultsje fan âlde lju, dat bewiist de debutante Sigrid Kingma mei har gedicht Tiid, myn maat.… Lês fierder

Ulke Brolsma

De prinsessen op ’e dongbult

logo.ensafh

Ynienen ferdwynt it skerm fan myn kompjûter. Dat wol sizze, it skerm is der noch, mar troch in oalje-eftich gerdyn fan smoarge reek kin ik neat mear sjen. Sa yn ien kear! Op de taast set ik op de doar fan de ynternetwinkel ta. En mei my de oare klanten. By de doar stiet in apparaat dat sûnder ophâlden de saak folpompt mei dy goare reek. ‘Dengue.’ seit immen tsjin my. New Delhi besiket de luzige lytse mich út te moardzjen, de hiele Asarkan Road ferdwynt yn in mist fan de killer-reek. It is ien fan de twa ferskrikkingen dêr’t ik yn New Delhi mei fan krijen haw: de dengue en de Commonwealth Games.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Pepsels (en Rondo’s)

logo.ensafh

Anneke van Renssen

Pepsels

Tsjintwurdich binne wy nochal kritysk op ekstraatsjes. As wy alris sûndigje dan moat it wol lekker wêze. No hienen wy ússels tastien dat wy yn ‘e fakânsje sa no en dan wol wat ekstra’s hawwe mochten. In kilootsje derby soe net sa slim wêze. Dat bist mei in wike goed oan ‘e lijn dwaan wol wer kwyt. It gong oars. Benammen yn Bosnië die bliken dat de gastronomy dêr neat om ‘e hakken hat. Gjin hearlike patees lyk as yn Frankryk. Gjin Italjaanske gorgonzola en gjin fantastyske chorizo’s út Spanje. Yn de skraach te finen supermerken yn Bosnië wie hast neat te krijen.… Lês fierder

Skermer

Dit is gjin oprisping

logo.ensafh

Ik bin foar de arbeiders en de gewoane wurknimmers en ik bin tsjin oandielhâlders, bankdirekteuren, bedriuwsbestjoerders, kommissarissen, managers en politisy dy’t it om jild en besit te rêden is.

Ik stean oan de kant fan de minsken dy’t yn de maatskippij net meikomme kinne.
Ik ha dêrta in nije politike beweging oprjochte, in beweging dy’t spuit op en striid tsjin it allerhillichste útgongspunt fan hjoeddedei: winst meitsje, mear garje as nedich is.
Myn beweging wol ta op in goed en ienfâldich bestean foar elk minske.

Wannear hat men in goed bestean? As jins sosjaal libben – it op in beskate wize meidwaan yn it maatskiplik libben, it meidwaan oan guon ferdivedearjende en aardige saken – net yn ’e wei stien wurdt troch earmoede.… Lês fierder